Imanuelle Grives (folút: Imanuelle Jacqueline Ruth Grives; Rotterdam, 3 april 1985) is in Nederlânsk aktrise fan Surinaamsk komôf. Hja briek yn 2012 troch mei har rol as de wielderige swarte Rowanda yn 'e film Alleen Maar Nette Mensen.

Libben en karriêre Grives waard yn 1985 yn Rotterdam berne út Surinaamsk-Kreoalske âlden. Nei de middelbere skoalle folge se in oplieding maatskiplik wurk en tsjinstferliening, mar ûnder dy stúdzje kaam se ta de ûntdekking dat eins mear op hie fan aktearjen. Dêrfandinne dat hja har as trainingsaktrise ynskriuwe liet by ferskate ympressariaten. Uteinlik naam Grives yn 2005/2006 in jier lins fan har oplieding om har oan te sluten by de teätergroep Young Stage. Dêr koe se doe in jier lang betelle aktearje en sa har talinten ûntwikkelje. Ek die hja dêr presintaasjewurk en joech hja workshops oan oare begjinnende akteurs.

Neitiid wurke Grives by ferskate profesjonele teäterselskippen, wêrûnder ALBA Theaterhuis en Theatergroep Siberia. Yn 2008 wûn hja mei ALBA de priis foar "nijsgjirrichmeitsjend talint" en de Arend Hauerpriis (de haadpriis) op 'e Theater4daagse. It jiers dêrop makke Grives har filmdebút as in ekstravagante crackhoer en de tsjinspylster fan Tygo Gernandt yn Carmen van het Noorden. Yn 2011 wie se op 'e tillefyzje tsjen as Chanel yn 'e VPRO-bernerige Dr. Cheezy, as Molly yn Mixed Up fan 'e NCRV, en as folksfrou yn 'e tillefyzjefilm Mijn Avonturen door V. Swchwrm.

Grives har trochbraak kaam yn 2012, doe't se yn 'e kontroversjele film Alleen Maar Nette Mensen de rol fan 'e wielderige Rowanda fertolke. Har tsjinspilers yn dizze humoristyske ferfilming fan it boek mei deselde namme fan skriuwer Robert Vuijsje wiene Géza Weisz, Jeroan Krabbé en Annet Malherbe. Grives har personaazje wie in ordinêr frommes út in Surinaamsk gesin, dy't it oanlei mei in Joadske jonge út in rike famylje. (De stereotypyske ôfbylding fan Surinamers en Joaden late lykwols ta beskuldigings fan rasisme en antysemitisme.) Foar dizze rol, dêr't se in nominaasje foar in Rembrandt Award mei yn 'e wacht sleepte, moast Grives 15 kg oankomme. Yn in fraachpetear op 'e tillefyzje fertelde se fernuvere dat se doe ynienen (yn har priveelibben) folle mear oandacht fan manlju krige as dat se wend wie.

Sûnt 2012 wie Grives fral op 'e tillefyzje te sjen, mei û.m. in gastrol yn 'e plysjesearje Flikken Maastricht (2012), in byrol yn 'e rige Bloedverwanten (2014) en in haadrol yn 'e tichthúsrige Celblok H (2014-2015). Fierders die se yn 2014 mei oan it realitytillefyzjeprogramma Expeditie Poolcirkel. Yn 2019 die Grives mei oan it SBS6-programma It Takes 2.

Op 21 july 2019 waard Grives op it muzykfestival Tomorrowland, yn it Belgyske Boom, arrestearre troch de plysje. Hja hie ferskate soarten soft- en harddrugs (û.m. kokaïne, ketamine, MDMA en kannabis) yn har besit. By in hûssiking op it adres dêr't se ferbleau, waarden noch mear drugs oantroffen. Grives bekende drugs ferkocht te hawwen, mar neffens har abbekaat hie se dat inkeld dien om har yn te libjen yn in nije filmrol as drugsdealer. De Belgyske autoriteiten wiene skeptysk oer dat ferhaal en stelden dat it hoe dan ek strafber wie wat se dien hie. Op 10 oktober waard foar de rjochtbank yn Antwerpen twa jier finzenisstraf en €1.000 boete tsjin Grives easke foar drugsbesit en drugshannel. Om't yn Belgje straffen fan minder as 3 jier net útsitten hoege te wurden mar almeast mei in foarm fan hûsarrest ôfdien wurde, soe Grives net de finzenis yn hoege. Op 8 novimber waard Grives troch de Belgyske rjochter feroardiele ta in boete fan €1000 en in finzenisstraf fan twa jier. Under it Belgysk rjocht kaam dat derop del dat se yn totaal 8 wiken de sel yn moast, wat betsjutte dat se mei ôflûk fan seis wiken foararrest noch mar twa wiken hoegde te sitten. Grives gie net yn heger berop.

Boek Tegearre mei sjoernalist Anton Slotboom skreau Grives it boek Imanuelle - Mijn vechtershart oer de oanhâlding en alles dat dêrta laat hie, de perioade yn de finzenis en de tiid koart dêrnei. It boek ferskynde yn desimber 2020 by Uitgeverij Prometheus. Ek har famyljeskiednis waard deryn op it aljemint brocht.

Filmografy Film Jier Produksje Rol Opmerkingen 2012 Alleen maar nette mensen Rowanda 2017 Tuintje in mijn hart Surya byrol 2017 Weg van jou Josje 2018 Vechtmeisje Cecilia 2019 De club van lelijke kinderen Kliener opfriskamp byrol 2022 Zwanger & Co Jayda byrol 2025 Lekker met de meiden Ace byrol Telefyzje Jier Produksje Rol Opmerkingen 2012 Flikken Maastricht Brenda Mostard Gastrol 2012 Bloedverwanten Sekretaresse 2014- Celblok H Dorien 'Door' Breeveld 2014 Expeditie Poolcirkel Kandidaat 2015 Vechtershart Selma Bisschop 2015 Voetbalmeisjes Shirley 2017 The Homeless Experience harsels 2017–2020 Papadag Monique 2017 Wie is de Mol? kandidaat ôffaller 62017 De Kleine Lettertjes dielnimmer 2017 Risky Rivers dielnimmer 2018 Flikken Rotterdam Saskia van Dijk ôfl. 3.03–3.062018-2020 SpangaS Ishana Vrijland seizoen 12 & 132019 De Gordon tegen Dino Show dielnimmer 2019 It takes 2 kandidaat 2019 Keizersvrouwen Pamela 2020 Alle hands aan dek kandidaat 2021 Adem in, Adem uit Adinda 2021 Special Forces VIPS harsels 2022 Zenith II Carla 2022 De gevaarlijkste wegen van de wereld harsels ôflevering 62023 Secret Duets harsels 2023 Cast harsels 2023 That's My Jam dielnimmer 2024 De slimste mens dielnimmer 2024 Moordfeest dielnimmer 2024 Zina Lorraine Alvarez seizoen 22024 Mocro Maffia Meredith seizoen 62024 Een van ons resjersjeur Joanna

Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar2008Theater4daagsewûn priis foar "nijsgjirrichmeitsjend talint" (mei ALBA Theaterhuis)wûn Arend Hauerpriis (haadpriis) (mei ALBA Theaterhuis)2013Rembrandt Awardnominearrebêste Nederlânske aktriseAlleen Maar Nette Mensen

Keppelings om utens Folsleine filmografy fan Imanuelle Grives yn 'e Internet Movie Database (IMDb)

Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Dielnimmer oan in Nederlânsk realitytelefyzjeprogramma Kategory:Nederlânsk persoan fan Surinaamsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Surinaamsk-Kreoalsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1985