Río Grande is in stêd yn Fjoerlân, Argentynje, yn it noardeastlik part fan de provinsje Tierra del Fuego. De stêd hat 55.131 ynwenners en waakst fluch fanwege it útbouwen fan de elektronyske yndustry. Río Grande is ek de haadstêd fan it departemint mei deselde namme en leit oan de útmûning fan de Rio Grande yn Atlantyske Oseaan.

De stêd leit 212 km fan provinsjehaadstêd Ushuaia en 2882 km fan Buenos Aires ôf.

Kategory:Plak yn Argentynje Kategory:Plak stifte yn 1921