thumb|135px|It logo fan Wikidata. Wikidata is in projekt fan de Wikimedia Foundation om in mei-inoar bewurke kennisdatabase te foarmjen wêrmei't de Wikipedy ûnderstipe wurde kin. It projekt waard úteinset troch Wikimedia Dútslân en beëaget in mienskiplike boarne fan beskate types data, bygelyks ynterwiky-keppelings en bertegegevens, dy brûkt wurde kinne yn artikels op 'e Wikipedy en oare plakken."Data Revolution for Wikipedia". Wikimedia Deutschland, 30 maart 2012 Wikidata is it earste nije projekt fan de Wikimedia Foundation sûnt 2006, doe't Wikiversity opset waard.The Wikipedia data revolution, by Matthew Roth, 30 maart 2012
De bou fan it projekt wurdt finansiere mei donaasjes fan it Allen Institute for Artificial Intelligence, de Gordon and Betty Moore Foundation en Google Inc. foar in bedrach fan yn totaal €1,3 miljoen.Paul Allen Invests In A Massive Project To Make Wikipedia Better, Business Insider, 30 maart 2012Wikipedia’s Next Big Thing: Wikidata, A Machine-Readable, User-Editable Database Funded By Google, Paul Allen And Others, Tech Crunch, 30 maart 2012
It webstee is in wiky en is troch elkenien oan te passen. Wikidata is meartalich opset. In diel fan de data sil beskikber wêze ûnder de Creative Commons-lisinsje CC0 en in oar diel ûnder Creative Commons Nammefermelding-LykDiele (CC BY-SA).
Keppelings om utens Offisjeel webstee fan Wikidata meta:Wikidata – koördinaasjeside foar it projekt op Meta-Wiki
Kategory:Wikipedy Kategory:Online-database