Laura van den Berg (1981) is in Amerikaansk skriuwster fan romans en koarte ferhalen. Hja is fan etnysk Nederlânsk komôf.
Libben en karriêre Van den Berg is hikke en tein yn 'e Amerikaanske steat Floarida, dêr't hja wenne oant har twaentweintichste. Neitiid studearre se oan it Emerson Kolleezje yn Boston, dêr't se in masterstitel yn 'e skiene keunsten behelle. Van den Berg wennet noch altyd yn Boston, en wurket as dosinte kreätyf skriuwen oan ferskate skoallen en ynstituten, wêrûnder it Emerson Kolleezje en de George Washington Universiteit yn Washington, D.C.
Yn 2009 brocht Van den Berg ûnder de titel What the World Will Look Like When All the Water Leaves Us har earste ferhalebondel út, dy't bysûnder goed ûntfongen waard, en har û.m. in Pushcart Prize besoarge. In twadde bondel fan har kaam yn novimber 2013 út ûnder de titel The Isle of Youth, mei op 'e nij tige loovjende kritiken. Diskear smiet har wurk har in O. Henry Award foar koarte ferhalen op. Van den Berg har ferhalen ferskynden ek yn ferskate tydskriften. Har earste roman, Find Me, brocht se yn febrewaris 2015 út. Dêrmei wûn se in Jeannette Haien Ballard Writer’s Prize, dêr't in jildbedrach fan $25.000 oan ferbûn is.
Wurk 2009 – What the World Will Look Like When All the Water Leaves Us (ferhalebondel) 2013 – The Isle of Youth (ferhalebondel) 2015 – Find Me (roman)
Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar2010The Story Prizenominearrebêste koarte fiksjeWhat the World Will Look Like When All the Water Leaves UsFrank O'Connor International Short Story Awardnominearrebêste koarte fiksjeWhat the World Will Look Like When All the Water Leaves UsPushcart Prizewûnbêste koarte fiksjeWhat the World Will Look Like When All the Water Leaves Us2014Frank O'Connor International Short Story Awardnominearrebêste koarte fiksjeThe Isle of YouthAmerican Academy of Arts and Letters Rosenthal Family Foundation Awardwûnbêste koarte fiksjeThe Isle of YouthO. Henry Awardwûnbêste koarte ferhaalOpa-Locka2015Jeannette Haien Ballard Writer’s Prizewûnbêste romanFind Me
Keppelings om utens Offisjele webside fan Laura van den Berg
Kategory:Amerikaansk ûnderwizer Kategory:Amerikaansk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Amerikaansk romanskriuwer Kategory:Amerikaansk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1981