De Grafyske Groep Van der Eems (foarhinne: Drukkerij Van der Eems) is in drukkerij mei fêstigings yn Easterein, yn Boalsert en op it Hearrenfean. It bedriuw waard yn 1906 yn Easterein oprjochte, dêr't noch altyd it haadkantoar stiet. Behalven mei it drukken fan krantsjes, brosjueres en kaarten hâldt Van der Eems him sa tydlingswei ek dwaande mei it útjaan fan boeken, sij it allinnich yn opdracht fan lju dy't har wurk bûten de reguliere útjouwersbrâns om publisearje wolle.
Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Grafyske Groep Van der Eems
Kategory:Fryske drukkerij Kategory:Fryske útjouwerij Kategory:Easterein Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1906