Ernst Hans van der Beugel (Amsterdam, 2 febrewaris 1918 – De Haach, 29 septimber 2004) wie in Nederlânsk ekonoom, topfunksjonaris, diplomaat en politikus.
Biografy Van der Beugel studearre ekonomy oan de Universiteit fan Amsterdam dêr't er yn 1941 ôfstudearre. Yn 1966 promovearre er oan de Universiteit Leien. Syn dissertaasje hie in foaropwurd fan Henry Kissinger.Ernst Hans van der Beugel: From Marshall plan to Atlantic Partnership. European integration as a concern of American foreign policy. Elsevier, Amsterdam/London/New York 1966.
Van der Beugel wie fan 8 jannewaris 1957 oant 22 desimber 1958 út namme fan de PvdA steatssekretaris fan Bûtenlânske Saken (portefúlje Jeropeeske Gearwurking). Dêrfoar en koart dêrnei wie er topamtner op ferskate ministearjes. Yn 1959 waard er plakferfangend presidint-direkteur fan de KLM, en fan 1961 oant 1963 wie er presidint-direkteur fan dat bedriuw. Yn 1966 waard er beneamd ta bûtengewoan heechlearaar oan de Universiteit Leien mei de learopdracht Westelijke samenwerking na de Tweede Wereldoorlog. Hy gie yn 1983 mei emeritaat.
Van der Beugel wie teffens sekretaris-generaal foar de Bilderbergkonferinsjes yn Jeropa en Kanada.Bilderberg Meetings of 1997 Assembles a press release distributed by PR Newswire Europe, 13 juny 1997.
Keppeling om utens Ynterview mei E. H. van der Beugel yn de Truman Library
Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:PvdA-politikus Kategory:Nederlânsk steatssekretaris Kategory:Nederlânsk amtner Kategory:Nederlânsk diplomaat Kategory:Nederlânsk bestjoerder Kategory:Nederlânsk heechlearaar Kategory:Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw Kategory:Persoan berne yn 1918 Kategory:Persoan stoarn yn 2004