thumb|left|260px|It KLM-haadkantoar yn Amstelfean
De Keninklike Loftfeart Maatskippij (Koninklijke Luchtvaart Maatschappij; KLM, Ingelsk: KLM Royal Dutch Airlines) is de nasjonale loftfeartmaatskippij en de op twa nei grutste wurkjouwer fan Nederlân.Driekwart van grootste werkgevers werd vorig jaar kleiner, Volkskrant, 13 oktober 2012. Sûnt it ferskinen fan dit artikel is it tal werknimmers fan de Rabobank fierder sakke. De lofthaven Skiphol by Amsterdam is de thúshaven fan de KLM. KLM ûnderhâldt flechten oer de heile wrâld en is de kearn fan de KLM Groep, dêr't ek KLM Cityhopper, Martinair en Transavia diel fan binne. KLM is yn 2004 fusearre mei Air France ta de holding Air France-KLM. Under de holding binne KLM en Air France beide warber as netwurkmaatskippij. KLM hellet syn omset út trije kearnaktiviteiten: ferfier fan passazjiers, frachtferfier en fleantúchûnderhâld.
Presidint-direkteuren Albert Plesman (1919 - 1953) Fons Aler (1954 - 1961) Ernst van der Beugel (1961-1963) Horatius Albarda (1963 - 1965) Gerrit van der Wal (1965 - 1973) Sergio Orlandini (1973 - 1987) Jan de Soet (1987 - 1991) Pieter Bouw (1991 - 1997) Leo van Wijk (1997 - 2007) Peter Hartman (2007 - 2013) Camiel Eurlings (2013 - 2014) Pieter Elbers (2014 - 2022) Marjan Rintel (2022 - no)
Skiednis fan de KLM-float thumb|De PH-BXA (Boeing 737-800) yn de kleuren út de jierren 60, ta eare fan it 90-jierrich bestean fan KLM + KLM float (1920-1949)Tastel Yn tsjinst Ut tsjinstDe Havilland DH.16 1920 1924Fokker F.II 1920 1924Fokker F.III 1921 1930Fokker F.VII 1925 1936Fokker F.VIII 1927 1940Koolhoven F.K.40 Titan 1929 1936Fokker F.IX 1930 1936Fokker F.XII 1931 1936Fokker F.XVIII 1932 1946Fokker F.XX 1933 1936Koolhoven F.K.43 Gipsy Major 1933 1940Douglas DC-2 1934 1946Fokker F.XXII 1935 1939Fokker F.XXXVI 1935 1939Douglas DC-3 1936 1964Lockheed L-14 Super Electra 1938 1948Douglas DC-5 1940 1941Douglas Skymaster C-54 1945 1959Douglas DC-4 1946 1958Lockheed Constellation L749 1946 1964Convair 240 1948 1959Douglas DC-6 1948 1963+ KLM float (1950-1999)Tastel Yn tsjinst Ut tsjinstConvair 340 1953 1964Lockheed Super Constellation L-1049 1953 1966Douglas DC-7 1953 1966Vickers Viscount 803 1957 1966Lockheed L-188 Electra 1959 1969Douglas DC-8 1960 1985Douglas DC-9 1966 1989Boeing 747-200 1971 2004McDonnell Douglas DC-10-30 1972 1995Airbus A310-200 1983 1997Boeing 747-300 1983 2003Boeing 737-300 1986 2011Boeing 737-400 1989 2011Boeing 747-400 1989 McDonnell Douglas MD-11 1993 2014Boeing 767-300ER 1995 2007Boeing 737-800 1999 + KLM float (2000-no)Tastel Yn tsjist Ut tsjinstBoeing 737-900 2001 Boeing 777-200ER 2003 Airbus A330-200 2005 Boeing 777-300ER 2008 Boeing 737-700 2008 Airbus A330-300 2012 Boeing 787-9 2015 Airbus A350-900 2019
Fan de âlde Boeing 747-300-tastellen, dy't yn 2003 ferfongen waarden, waard de PH-BUK Louis Blériot op Skiphol-East út elkoar helle en dêrnei nei Lelystêd brocht om yn it Aviodrome útstald te wurden.
Kategory:Nederlânske loftfeartmaatskippij Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1919