thumb|255px|It eardere gemeentehûs fan Hørsholm (1918); yndertiid ek postkantoar en fergaderplak fan de tsjerkerie

Hørsholm is in gemeente (Hørsholm kommune), op it Deenske eilân Sjælland yn de regio Haadstêd

Skiednis Yn Hørsholm stie it Paleis Hirschholm, it simmerferbliuw fan kening Kristiaan VII en syn hofhâlding yn 1771, doe't syn frou keninginne Caroline Matilda befoel fan har dochter by liifdokter Johann Friedrich Struensee, prinsesse Louise Augusta. It kastiel, wol it "Versailles fan it Noarden" neamd, waar nei dat jier net mear ûnderholden en letter ôfbrutsen fanwege Frederik VI, soan fan de kening, om as boumateriaal te tsjinjen foar Paleis Christiansborg, dat yn 1794 ôfbaarnd wie.

De tsjerke fan Hørsholm is út 1832 en in ûntwerp fan Christian Frederik Hansen; it stiet op it plak fan it eardere kastiel.

It pleatslike museum, Hørsholm Egns Museum, hat een permaninte útstalling oer it paleis en syn skiednis.

Ferneamde ynwenners Karen Blixen en Johannes Ewald hawwe yn de gemeente wenne en ek de Deenske tycoon Simon Spies dy't jierliks 50 oant 60 m. Deenske Kroanen oan gemeentebelestingen deltelde, sa'n 31 oant 37 m euros (2013).

Polityk Boargemasters Foar de gemeentlike weryndieling: Perioade Namme Partij 1970–1974 Sven Jørgensen K 1974–1975 Lulla Lucas K 1975–1985 Ove Bernhard Sundberg K 1988–2000 Hanne Falkensteen K 2001–2005 Uffe Thorndahl K

Nei de gemeentlike weryndieling: Namme Partij Perioade Uffe Thorndahl Unôfhinklik 1. jan. 2006 - 31 desimber 2009 Morten Slotved Konservatyf 1 jannewaris 2010 -

Keppelings om utens Webstee fan de gemeente Webside Karen Blixen-museum Hørsholm's museum Jacht en wâldmuseum fanHørsholm

Kategory:Gemeente yn Haadstêd (Deenske regio) Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1739