Hawker Tempest 300px|Hawker Tempest Mk VHawker Tempest Mk V Earste flecht 2 septimber 1942 Tal makke 1.702 Fabrikant Hawker Siddeley Aircraft Co. Langte: 10,26 m Spanwiidte: 12,50 m Fleugeloerflak: 28,06 m² Oandriuwing: Ien Napier Sabre IIB-motor fan 2.420 hk Maks. faasje: 696 km/o op 5.200 m 630 km/o op seenivo Bemanning: 1 Tsjinstplafond: 11.000 m Fleangewicht: 5.220 kg Fleanberik: 2.445 km Bewapening: Fjouwer 20-mm-masinekanonnen Hispano-Suiza HS.404 Jachtbommesmiter ferzjes: 2 x 227 kg bommen of 1 454 kg bom; raketten: 8 x 75 mm RP-3 raket

De Hawker Tempest wie in Britske jachtfleanmasine yn de Twadde Wrâldoarloch. It ûntwerp en fabrkaazje barde troch Hawker Siddeley Aircraft Co.. De leechdekker waard fan april 1944 ôf oan troch de Royal Air Force (RAF) ynset.

De Tempest wie ûntwikkele út de Hawker Typhoon en waard brûkt as jager en as jachtbommesmiter. Op lege en middelbere hichte wie er ien fan de fluchste mei propeller oandreaune jachtfleantugen fan de oarloch. Fanwege syn fluggens waarden syn benammen brûkt tsjin de Dútske strieljager Me 262 en de Vergeltungswaffe V1 (fleanende bom). Mei de Tempest waarden in lytse 700 V1's, yn alle gefallen 20 Me 262's en teminsten ien Heinkel He 162 delsketten.

De ferneamde alliearde jachtfleander Pierre Closterman behelle in grut part fan syn súksessen mei dit type.

De Tempest hat tsjinne by de loftmmachten fan it Feriene Keninkryk, Nij-Seelân, Kanada, Pakistan en Yndia.

Totaal waarden 1395 Tempest's makke: 1 Mk. I 452 Mk. II (136 as jager en 316 as jachtbommesmiter, mei radiateurs yn foarkant fleugels) 800 Mk. V 142 Mk. VI (Motor: Sabre V fan 2340 hk, in bytsje swakker, mar sûniger en betrouberder as Sabre IIb)

Sjoch ek Besibbe ûntwerpen Hawker Fury/Sea Fury Hawker Typhoon Tastellen mei in ferlykbere rol Focke-Wulf Fw 190 Lavochkin La-7 Messerschmitt Bf 109 Nakajima Ki-84 North American P-51 Mustang Republic P-47 Thunderbolt Supermarine Spitfire Vought F4U Corsair

Keppelings om utens Wiedweidich artikel oer de Hawker Tempest V Hoe kinne jo in Hawker Tempest V der út? Filmke

Kategory:Britske jachtfleanmasine Kategory:Britske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Yntroduksje út 1942