De Colorado Book Awards binne in groep Amerikaanske prizen dy't elts jier útrikt wurde foar de bêste literêre wurken wêrfan't de skriuwers yn 'e Amerikaanske steat Kolorado wenje. Dizze prizen waarden yn 1991 ynsteld troch it Colorado Center for the Book, en yn 1992 waarden se foar it earst útrikt, yn 'e kategoryen non-fiksje, fiksje, poëzij en berneboeken. De tawizing en útrikking fan 'e Colorado Book Awards is noch altyd yn 'e hannen fan it Colorado Center for the Book, al is dat yn 2004 in ôfdieling wurden fan 'e stifting Colorado Humanities.

Kategoryen en winners Der binne op 't heden (2015) 13 kategoryen: bêste algemiene non-fiksje bêste berneboek (foar bern jonger as 10 jier) bêste biografy bêste blomlêzing bêste fotoboek bêste kreätive non-fiksje bêste literatuer foar bern fan 10-14 jier bêste literatuer foar jongfolwoeksenen bêste literêre fiksje bêste poëzij bêste sjenrefiksje (detektiveroman, skriller, histoaryske roman, fantasy, science fiction, horror, western) bêste skiedkundige non-fiksje bêste Spaansktalige boek of oersetting yn it Ingelsk út in oare taal

Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side.

Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Colorado Book Awards

Kategory:Kultuer yn Kolorado Kategory:Amerikaanske literatuerpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1991