Carol Berg (Fort Worth (Teksas), 1948), is in Amerikaansk skriuwster fan fantasyboeken. Hja wennet yn 'e steat Kolorado en wie foarhinne wurksum as softwarespesjalist. Berg wûn yn 2009 de Mythopoeic Award foar har duology Flesh and Spirit en Breath and Bone, en hat fierders ek al trijeris de Colorado Book Award takend krigen.
Libben en karriêre Berg stammet út in famylje fan ûnderwizers, muzikanten en spoararbeiders, en waard yn 1948 berne yn Fort Worth, yn 'e steat Teksas. Se koe goed meikomme op skoalle, en hie as bern al in protte nocht oan lêzen. Sa makke se har de klassiken eigen (Jane Austen, Dorothy Sayers, Charles Dickens, ensfh.), mar ek detektiveromans, skrillers, histoaryske romans, fantasy, science fiction en westerns. Under ynfloed fan it wurk fan û.o. Robert A. Heinlein rekke se sa yn 'e besnijing fan it Amerikaanske romtefeartprogramma, dat se har nei it ôfrûnjen fan 'e middelbere skoalle ynskriuwe liet oan 'e Rice Universiteit te Houston, mei as doel om in karriêre yn 'e wittenskip en technology te begjinnen. Se studearre ôf mei in bachelorstitel yn wiskunde.
Neitiid stie Berg ferskate jierren as leararesse oan 'e middelbere skoalle. Se mette en troude mei Pete Berg, in yngenieur, en ferfear mei him nei Kolorado. Uteinlik joech se har baan op om harren trije soannen grut te bringen, mar dêrnjonken joech se yn dyselde tiid ek foarljochtingskursussen oer swierwêzen, wûn se in twadde bachelorstitel yn kompjûterwittenskippen oan 'e Universiteit fan Kolorado, en wie se fierders drok mei kampearjen, kuierjen, hurdfytsen en lêzen. Doe't de jonges grutternôch wiene om harsels te rêden, fûn Berg wurk as softwarespesjalist by de Hewlett-Packard Company, en in pear jier letter krige in freondinne har safier dat se úteinsette mei it skriuwen fan fiksje. Dat wie foar har in hobby dy't meitiid alhiel út 'e hân rûn. Har wurkjouwer wie tige begripfol doe't se almar mear tiid foar har skriuwen brek wie, en yn 1999 ferkocht se trije fantasyromans oan 'e útjouwerij Roc Books, dy't noch altyd Berg har fêste útjouwer is.
Har earste boek, Transformation, kaam út yn 2000, en beskriuwt it lot fan Seyonne, in tsjoender waans lytse freedsume lân ferovere is troch it ymperialistyske Derzhi-ryk, en dy't sels mei de rest fan syn folk ta slaaf makke is. Syn libben feroaret op 'e nij folslein as er op in slavemerk kocht wurdt troch Aleksander, de kroanprins fan it Derzhi-ryk. It docht bliken dat dyselde ûngemurken bedrige wurdt troch in skriklike tsjoenderij, mar Seyonne kin mar dreech oer syn hate foar syn arrogante fijân hinne stappe om him te rêden. Hy soe der syn eigen libben mei riskearje, mar kin der syn siel mei weromwinne. Transformation wie it earste diel fan 'e Rai-Kirah-trilogy, dy't fierder gie mei Revelation (2001) en einige mei Restoration (2002). Transformation waard nominearre foar ferskate prizen, en mei de ferkeap gie it sa foar de wyn, dat Berg yn 2002 har baan by Hewlett-Packard deroan joech om har foltiids ta te lizzen op har skriuwwurk.
Mei de op himsels steande roman The Song of the Beast wûn Berg yn 2003 de earste fan yn totaal trije Colorado Book Awards. Yn 2004 en 2005 publisearre Berg de fjouwerdielige Bridge of D'Arnath-rige, folge troch it Lighthouse-duët, besteande út 'e romans Flesh and Spirit (2007) en Breath and Bone (2008), dêr't se in Mythopoeic Award foar krige. Sûnt 2010 hat Berg fierders de trije boeken fan 'e Collegia Magica-rige en de twa dielen fan it Sanctuary-duët skreaun.
Wurk romans de Rai-Kirah-trilogy 2000 – Transformation 2001 – Revelation 2002 – Restoration 2003 – Song of the Beast de Bridge of D'Arnath-rige 2004 – Son of Avonar 2004 – Guardians of the Keep 2005 – The Soul Weaver 2005 – Daughter of Ancients it Lighthouse-duët 2007 – Flesh and Spirit 2008 – Breath and Bone de Collegia Magica-rige 2010 – The Spirit Lens 2011 – The Soul Mirror 2012 – The Daemon Prism it Sanctuary-duët (spilet yn deselde wrâld as it Lighthouse-duët) 2014 – Dust and Light 2015 – Ash and Silver (komt út yn desimber) koarte ferhalen 2007 – Unmasking (yn 'e blomlêzing Elemental Magic)
Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar2000Barnes & Noble Maiden Voyage Awardnominearrebêste earste romanTransformation2001Compton Crook Awardnominearrebêste Ingelsktalich romandebútTransformation2002Romantic Times Reviewers' Choice Awardnominearrebêste epyske fantasyRestoration2003Colorado Book Awardwûnbêste sjenrefiksjeSong of the Beast2005Geffen Awardwûnbêste oersette fantasyTransformation2006RWA-FFP Prism Awardnominearrebêste romantyske fantasyDaughter of AncientsColorado Book Awardnominearrebêste sjenrefiksjeDaughter of Ancients2008Colorado Book Awardnominearrebêste sjenrefiksjeFlesh and Spirit2009Colorado Book Awardwûnbêste sjenrefiksjeBreath and BoneMythopoeic Awardwûnbêste literatuer foar folwoeksenenit Lighthouse-duët2010Colorado Book Awardnominearrebêste sjenrefiksjeThe Spirit Lens2011Colorado Book Awardwûnbêste sjenrefiksjeThe Soul Mirror
Keppelings om utens Offisjele webside fan Carol Berg
Kategory:Amerikaansk romanskriuwer Kategory:Amerikaansk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Amerikaansk fantasyskriuwer Kategory:Amerikaansk ûnderwizer Kategory:Amerikaansk wiskundige Kategory:Amerikaansk ynformatikus Kategory:Softwareûntwikkelder Kategory:Persoan berne yn 1948