thumb|Karl Jatho 1907/1908 yn syn twadekker
Karl Jatho (Hannover, 3 febrewaris 1873 - dêre, 8 desimber 1933) wie in Dútsk pionier en útfiner en amtner yn de stêd Hannover.
Fan augustus oant ein novimber 1903 makke Jatho bytsje by bytsje langere flechten mei in trijedekker, letter twadekker, op de Vahrenwalder Heide bûten Hannover. Syn earste flecht, sûnder tsjûgen, wie mar oer 18 meters op sa'n 1 meter hichte. Jatho joech doe yn 't earstoan belies, hy skreau: 'Nettsjinsteande faak besykjen, slagget it my net en meitsje langere flechten of hegere flechten. Motor swak.'.Gibbs-Smith, C. H., The Aeroplane: An Historical Survey s. 319–20 Letter, mei in oare masine hie er mear súkses. Novimber 1903 helle er 60 meter op 3–4 meter hichte, ien moanne earder as de Bruorren Wright.http://www.ctie.monash.edu.au/hargrave/jatho.html
Hy stifte teffens in fleanskoalle en fleantúchfabryk, mar dat slagge net bot.
Film Sorry Mister Wright – Der Flugpionier Karl Jatho. Dokumintêre, Dútslân, 2006. Regy en draaiboek: Gunter Hartung. Wir waren die Ersten – Die Luftfahrt begann in Hannover. Dokumintêrefilm, Dútslân, 2009. Regy en draaiboek: Gunter Hartung.
Keppelings om utens Webside mei foto's fan syn fleanmasine The Pioneers : An Anthology : Karl Jatho (1873 - 1933)
Kategory:Dútsk piloat Kategory:Dútsk útfiner Kategory:Dútsk loftfeartpionier Kategory:Dútsk amtner Kategory:Persoan berne yn 1873 Kategory:Persoan stoarn yn 1933