Vickers Viking/Vulture/Vanellus 275px Makker Vickers Ltd Aviation Department Earste flecht 1919 Tal makke 31 (Viking); 2 (Vulture); 1 (Vanellus) (1919-1923)

De Vickers Viking wie in ienmotoryske fleanboat fan de Britske fabrikant Vickers Ltd Aviation Department, dy't koart nei de Earste Wrâldkriich foar militêr gebrûk ûntwurpen waard.

Acht Viking IV's hawwe tsjinne by de ML-KNYL yn de 20-er jierren fan de 20e iuw.

Skiednis Desimber 1918 waard út ein set mei it ûntwerpen foar dit twadde amfibysk fleantúch fan Vickers. It prototype wie in fiifsits twadekker nei in triuwpropeller en in Rolls-Royce Falcon-motor. It twadde eksimplaar, de Viking II, hie in gruttere spanwiidte en wie útrist mei in Rolls-Royce Eagle-VIII-motor.

It Type 54 Viking IV krige in gruttere kabine en der waarden noch wat oare ferbetteringen oanbrocht. De measte tastellen fan dat type hiene in Napier-Lion-motor. Fan de ferzje dêrnei, de Viking V, waarden twa oan de Royal Air Force ferkocht ornearre om yn Irak ynset te wurden.

De lêste Vikings waarden boud yn 1923, in tal dêrfan troch de Kanadeeske dochterûndernimming Canadian Vickers, dy't sawaande opklom yn de loftfeartyndustry. Lettere ferbettere ferzjes fan it type wiene de Vickers Vulture en Vickers Vanellus.

De namme Viking waard nei de oarloch ek foar de Vickers VC.1 brûkt.

Technyske gegevens Viking IV Bemanning 1 Passazjiers 2 Spanwiidte 15,24 m Lingte 10,36 m Hichte 4,60 m Fleugeloerflak 55,2 m² Leechgewicht 1.701 kg Startgewicht 2.451 kg Krúsfaasje 144 km/o Maks. faasje 164 km/o Tsjinstplafond 2.740 m Fleanberik 724 km Oandriuwing ien 12-sylinder-V-motor Rolls-Royce Eagle fan 269 kW Literatuer C.F. Andrews, E.B. Morgan: Vickers Aircraft since 1908. Putnam, Londen 1988, ISBN 0-85177-815-1. Peter London: British Flying Boats. Sutton Publishing, Stroud 2003, ISBN 0-7509-2695-3. Larry Milberry: Aviation in Canada. McGraw-Hill Ryerson Ltd., Toronto 1979, ISBN 0-07-082778-8. Ken M. Molson, Harold A. Taylor: Canadian Aircraft Since 1909. Canada's Wings, Inc., Stittsville 1982, ISBN 0-920002-11-0.

Keppelings om utens Vickers Viking yn it Bombercommand Museum Canadian Air Force

Kategory:Fleanboat Kategory:Britske wetterfleanmasine Kategory:Vickers Kategory:Yntroduksje út 1919