Huntsville (City of Huntsville) is in stêd yn de Amerikaanske steat Alabama.

Yn Huntsville sit it Redstone Arsenal, in rakette-ûnwikkelingssintrum; de stêd is sadwaande ek bekend as Rocket City. OP 8 septimber 1960 waard troch presidint Dwight D. Eisenhower it Marshall Space Flight Center fan de NASA yn Huntsville iepene. Ein 50er jierren waard dêr ûnder lieding fan Wernher von Braun de Saturnusraketten en it Apollo-programma ûntwikkele.

Ekonomy en yndustry De yndustrysektor yn Huntsville bestiet út goed 220 firmas dy't oan sa'n 32.000 minsken wurk jouwe. In protte dêrfan binne yn de beriuwen sels oplaat en heechkwalifisearre om it heechtechnologyske presisywurk dwaan te kinnen.

It romtefeartprogramma fan de Feriene Steaten is sûnt mids 50er jierren nau ferbûn mei de stêd. Meiïnoar sitte der mear as 300 ynternasjonale en nasjonale ûndernimmings, dy't dwaande binne mei ûntwikkeling en produksje fan elektronika en IT-technology. It Cummings Research Park yn Huntsville is it twadsgrutste yn syn soarte yn de FS mei 225 ûndernimmingen en goed 23.000 wurknimmers.

De grutste wurkjouwers UndernimmingWurkfjildWurknimmersU.S. Army Redstone ArsenalMilitêr12.599Huntsville Hospital SystemSûnenssoarch4.320The Boeing CompanyFleantúchfabryk3.092NASA /Marshall Space Flight CenterRomtefeart /Undersyk2.676ADTRANTelekommunikaasje1800

Demografy Fan de befolking is 13,4% âlder as 65 jier en bestiet foar 32,3% uit ienpersoanshúshâldings. De wurkleazens berint 2,9% (sifers folkstelling 2000).

Likernôch 2% fan de befolking fan Huntsville bestiet út hispanics en latino's, 30,2% is van Afrikaansk komôf en 2,2% fan Aziatyske oarsprong.

Klimaat Yn jannewaris is de trochsneed temperatuer 3,8 °C, yn july is dat 26,1 °C. Jierliks is de delslach trochstrings 1452,4 mm (gegevens op basis fan de mjitperioade 1961-1990).

Berne yn Huntsville Michael E. Brown (1965), heechlearaar planetêre astronomy Jimmy Wales (1966), Amerikaansk oprjochter fan Wikipedia Debby Ryan (1993), Amerikaansk aktrise en sjongster

Kategory:Plak yn Alabama Kategory:Plak stifte yn 1809