De Prime Minister's Awards for Literary Achievement binne in trijetal Nijseelânske literatuerprizen dy't op jierlikse basis útrikt wurde foar de as bêste beoardiele Nijseelânske literêre wurken op it mêd fan fiksje, non-fiksje en poëzij. Dizze prizen waarden yn 2003 ynsteld troch de Arts Council of New Zealand Toi Aotearoa (no Creative New Zealand), it ûntwikkelingsburo foar de skiene keunsten fan it Nijseelânske regear. Foar elk fan 'e trije jierlikse winners is oan 'e priis in jildbedrach fan NZ$60.000 ferbûn. Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Prime Minister's Awards for Literary Achievement

Kategory:Nijseelânske literatuerpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 2003