Convair 240 275px|In nij opmakke Convair 240 Fabrikant Convair Earste flecht 16 maart 1947Produksjejierren1947-1955 De Convair 240 wie in Amerikaanske ferkearsfleanmasine, makke troch Convair yn it tiidrek 1947-1956. Convair makke totaal 571 tastellen.

Maaie 2004 wiene der noch 14 Convair 240's, 7 wien dat jier noch fleanree. 78 giene ferlern by ûngemakken.

Untwerp It fleantúch waard ûntwurpen as konkurrint fan de Douglas DC-3. It tastel hie in drukkabine en twa sûgermotoren en hie plak foar 40 passazjiers.

De 240 by de KLM De Nederlânske KLM wie de earste Jeropeeske maatskippij dy't de Convair 240 oanhelle. De masine tsjinne dêr fan 1948 oant 1959 en waard letter opfolge troch ûnder oaren de Convair 340.

Technyske gegevens thumb|275px|Miliêre ferzje: Convair C-131D Samaritan fan de US Air Force Feiten Bemanning 2 piloaten, 2 man kabinepersoniel Passazjiers Lingte 22,76 m Spanwiidte 27,97 m Hichte 8,20 m Klimfaasje 460 m/min Leechgewicht 11.545 kg Startgewicht 19.283 kg Krúsfaasje 450 km/o Maks. faasje 507 km/o Tsjinstplafond 4.880 m Fleanberik 1935 km Oandriuwing 2 Pratt & Whitney R-2800 CB16 18-sylinder-dûbelstjermotors fan 1764 kW (2400 hk) it stik

Sjoch ek Curtiss C-46 Commando

Keppeling om utens Convair 240, in soad technyske feiten op Fliegerweb.com

Kategory:Amerikaanske ferkearsfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1947