De moderne haaien en roggen (wittenskiplike namme: Neoselachii) foarmje in difyzje fan 'e stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata), de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata), de tuskenstamme fan 'e kaakdieren (Gnathostomata), de klasse fan 'e kreakbienfisken (Chondrichthyes), de ûnderklasse fan 'e haaien en roggen (Elasmobranchii) en de tuskenklasse fan 'e echte haaien en roggen (Euselachii). Dit is in taksonomyske groep fan fisken dy't alle moderne haaien (Selachii) en roggen (Batoidea) omfiemet, mar net harren fossile sibben en foarâlden.

Klassifikaasje

difyzje moderne haaien en roggen (Neoselachii) ûnderdifyzje haaien (Selachii of Selachimorpha) boppeskift helmhaaien (Galeomorphi) skift baaksterhaaien (Orectolobiformes) skift bargehaaien (Heterodontiformes) skift grûnhaaien (Carcharhiniformes) skift makrielhaaien (Lamniformes) boppeskift echte haaien (Squalomorphi) skift grauwe haaien (Hexanchiformes) skift pakhaaien (Squatiniformes) skift Protospinaciformes † skift seachhaaien (Pristiophoriformes) skift toarnhaai-eftigen (Squaliformes) ûnderdifyzje roggen (Batoidea) skift echte rocheftigen (Rajiformes) skift pylkrocheftigen (Myliobatiformes) skift seachfiskeftigen (Pristiformes) skift skokrocheftigen (Torpediniformes)

Kategory:Kreakbienfisk