thumb|230px|Louw de Graaf in 1979 Louw de Graaf (De Koaten/Koatstertille, 12 april 1930 - It Hearrenfean, 15 july 2020) wie in kristen-demokratysk politikus.

Hy wie in soan fan winkelman Menze de Graaf en Janna Kuperus. Hy gie nei de mulo yn Bûtenpost (oant 1946) en nei de hbs, mar makke dy lêste skoalle net ôf.

Hy 'groeide op' yn de ARJOS (Anti-Revolutionaire JOngeren Studieclubs) en it CNV. As steatssekretaris fan Sosjale Saken yn it earste kabinet-Van Agt paste er de bernetaslachregelingen oan. Yn de kabinetten-Lubbers (I en II) fierde er, nettsjinsteande syn fakbûnsferline, in strang besunigingsbelied, wêrtroch't de sosjale sekerheid bot soberder waard. Yn 'e mande mei minister De Koning (CDA) brocht er de stelselwersjenning sosjale sekerheid ta stân. Hy wie twaris in skoftke minister. Yn 'e mande mei minister Elco Brinkman skafte er de BKR (Byldzjende Keunstnersregeling 1949-1987/1992) ôf.

Nei syn ôfgean yn 1989 waard er foarsitter fan de Sikefûnsried en fan it Kolleezje foar Soarchfersekeringen (CVZ). De Graaf behearde ta de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân, dy't yn 2004 opgien binne yn de Protestantske Tsjerke yn Nederlân. Letter waard er ateïst.

De Graaf stoar yn de âldens fan 90 jier. Hy waard beïerdige yn JistrumDeaberjocht Frysk Deiblêd, 24 juny 2020.

Ridderoarders Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau, 29 april 1977 Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw, 26 oktober 1981 Kommandeur yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw, 20 novimber 1989

Kategory:Frysk politikus Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:ARP-politikus Kategory:CDA-politikus Kategory:Twadde Keamerlid Kategory:Nederlânsk steatssekretaris Kategory:Nederlânsk minister fan Sosjale Saken Kategory:Nederlânsk bestjoerder Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Koatstertille Kategory:Persoan stoarn op It Hearrenfean Kategory:Persoan berne yn 1930 Kategory:Persoan stoarn yn 2020