Maruschka Detmers (Schoonebeek, 16 desimber 1962) is in Nederlânsk aktrise fan Drintsk komôf.
Libben en karriêre Detmers groeide op yn 'e súdeasthoeke fan Drinte, as de dochter fan in bistedokter. Mei santjin jjier ferfear se nei Parys, om dêr as au-pair te wurkjen, en wilens aktearlessen te nimmen. Dêr waard Detmers ûntdutsen troch de Frânske regisseur Jean-Luc Godard. Hy joech har yn 1983 de haadrol yn syn film Phénom Carmen, in optreden dat har trochbraak betsjutte.
Neitiid spile Detmers benammen in protte yn Frânske en Italjaanske films. Yn 1986 feroarsake hja mei har rol yn Le Diable au Corps / Diavolo in Corpo / Devil in the Flesh, fan 'e Italjaanske regisseur Marco Bellocchio, in soad trelit troch in sêne wêryn't hja wier har manlike tsjinspiler oraal befredige, al wurdt de echtheid fan 'e bylden trouwens noch altyd yn 'e kiif steld. Behalven yn Frânske en Italjaanske films hat Detmers sûnt ek yn Amerikaanske en Nederlânske produksjes spile.
Filmografy In kar: 1983: Prénom Carmen, fan Jean-Luc Godard 1984: La Pirate, fan Jacques Doillon 1984: La Vengeance du serpent à plumes, fan Gérard Oury 1986: Le Diable au corps, fan Marco Bellochio 1988: Y'a bon les blancs, fan Marco Ferreri 1988: Hannah's war, fan Menahem Golan 1991: Le Brasier, fan Eric Barbier 1992: Les Mambo kings, fan Arme Glimcher 1994: Elles n'oublient jamais, fan Christopher Frank 1995: The shooter, mei Dolph Lundgren 1997: Comme des rois, fan François Velle 1998: Rewind fan Sergio Gobbi 2015: Ventoux fan Nicole van Kilsdonk
Telefyzje 1985 : Via Mala], fan Tom Toelle, tf-rige 2001 : Mère, fille : mode d'emploi fan Thierry Binisti 2003 : Mata Hari, la vraie histoire fan Alain Tasma
Keppelings om utens Biografy en filmografy fan Maruschka Detmers yn de Internet Movie Database (IMDb)
Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Drintsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1962