Arthur McKenzie Dodson (Philadelphia (Pennsylvania), 1819 – Tucson (Arizona), 1874) wie in Amerikaansk ambachtsman, ûndernimmer en gemeenteriedslid yn Los Angeles.
Libben Dodson waard yn 1819 berne Philadelphia, yn 'e steat Pennsylvania, en teach yn 1849 nei it Wylde Westen om syn fortún te meitsjen, doe't de Kalifornyske Goudkoarts him yn 'e besnijing krige. As goudsiker hied er lykwols gjin súkses, dat yn 1850 sette er him nei wenjen yn it lytse stedsje Los Angeles, yn súdlik Kalifornje, dêr't er as slachter begûn en letter ek in krudenierswinkel iepene. Dêrnjonken wie Dodson ek de earste sjippesieder fan Los Angeles. Yn maatskip mei in John Benner sette er op 'e hoeke fan Spring Street en Sixth Street in hout- en koalehannel op. Fan 1859 oant 1862 siet er yn 'e Losanzjelynske gemeenterie.
Dodson troude yn Los Angeles mei Reyes Dominguez, de dochter fan Nazario Dominguez, in lâneigner yn dy krite dy't fan Californio-komôf wie (de lânseigen Meksikaanske befolking fan súdlik Kalifornje fan foàr de Amerikaanske anneksaasje). Hja krigen tolve bern, wêrfan't lykwols mar fjouwer langernôch libben om folwoeksen te wurden: James, Emma, John en Caroline. Yn 1874 kaam Dodson yn Tucson, yn 'e steat Arizona, te ferstjerren. Hy waard begroeven te Wilmington, yn Kalifornje.
Kategory:Amerikaansk goudsiker Kategory:Amerikaansk slachter Kategory:Amerikaansk sjippesieder Kategory:Amerikaansk ûndernimmer Kategory:Amerikaansk keapman Kategory:Amerikaansk pleatslik politikus Kategory:Amerikaansk gemeenteriedslid Kategory:Persoan yn it Wylde Westen Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Skotsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1819 Kategory:Persoan stoarn yn 1874