thumb|Trommelslagger, Hoogeveen (1971) Johan Sterenberg (Sint-Annen, 8 septimber 1920 - Mearum, 6 oktober 2002) wie in Nederlânsk byldhouwer en tekener.
Libben en wurk Sterenberg studearre oan de Akademy Minerva yn Grins, dêr't er learling wie fan ûnder oaren Willem Valk. Letter waard er sels dosint oan dy akademy.
Sterenberg wie ek tekener. Hy behearde ta de Groep fan de figurative abstraksje en wie lid fan Arti et Amicitiae en de Nederlandse Kring van Beeldhouwers. Bylden fan him binne yn de iepenbiere romte fan ferskate stêden yn Nederlân.
Kar-út syn wurk Bram de Ram (1966) yn Ruinen Vogels (1968) yn Warffum De Trommelslager (1971) yn Hoogeveen Ganzen Geesje (1978) yn Coevorden De Veenvrouw (1983) yn Emmer-Kompaskuüm Vrouw met parasol (2002) yn Marum
Literatuer Buren, Annemarie e.o. (2005). Johan Sterenberg in beeld : docent & kunstenaar. Ryksuniversiteit Grins, Oplieding Keunst- en Arsjitektuerskiednis, Grins. 46 p. ISBN 90-367-2284-5. Tentoanstellingskatalogus Harmonykompleks, Grins, 16 septimber-7 oktober 2005 en Stêdhûs gemeente Mearum, 17 oktober-9 desimber 2005.
Keppelings om utens Drenthe kunstbreed in Beeld Drenthe in Beeld
Kategory:Nederlânsk byldhouwer Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Persoan stoarn yn Mearum Kategory:Persoan berne yn 1920 Kategory:Persoan stoarn yn 2002 Kategory:De Groep