Carel Willem (Carol) Voges (Amsterdam, 19 juny 1925 - Laren, 9 jannewaris 2001) wie in Nederlânsk yllustrator, striptekener en skriuwer.

Carol Voges syn tekenkarriêre begûn by Joop Geesink.

By de Toonder Studio's tekene er ûnder oaren mei oan de Tom Poesstrips.

Voges makke ek omslaggen foar blêdmuzyk.

Fierder tekene er ferskate stripferhalen foar Sjors, Donald Duck, Sesamstraat, Bobo, Okki, Taptoe en in ferskaat oan oare tydskriften.

Utjouwerij De Eekhoorn By Utjouwerij de Eekhoorn waard er de 'hûs-yllustrator' en yllustrearre er wit hoe folle boeken en boekomslaggen. De Pietje Puk-rige, fan Henri Arnoldus. De Tup en Joep-rige, fan Henri Arnoldus. De Klik en Klak-rige, fan Henri Arnoldus. De Pim en Pidoe-rige, fan Henri Arnoldus. De Jokkie-rige, fan Henri Arnoldus. De Edda en Wimmie-rige, fan Bouke Jagt De Oki en Doki-rige, fan Henri Arnoldus. De Tillie en Tiffie-rige, fan Ans Arnoldus De Petra en Peet-rige, fan Trix Bakker Foar de Bob Evers-rige fan Willy van der Heide tekene er foar de werprintingen ferskate boekomslaggen (nrs. 1, 2, 3, 13, 15, 18, 20, 21, 23, 24, 25, 26, 27, 29, 30 en 31). Het geheim van de gouden eekhoorn (1982), skreaun en tekene fan Carol Voges.

Oare publikaasjes 1945 - Pa Pinkelman, in stripferhaal mei tekst fan Godfried Bomans. Der ferskynden fjouwer ferhalen yn ôfleverings yn de Volkskrant fan 11 novimber 1945 oant 1952. 1946 Het vreselijke avontuur van professor Bubbel fan C.H. Geudekker 1946 - Jimmy Brown, sportheld nr.1, stripferhaal mei tekst fan H.J. Looman. 1947-1949 - Professor Créghel (yn it Rotterdamsk Kwartet), stripferhaal mei tekst fan A. Goosen. 1948 -1949 - Hertog Lieverlui dan Moe (yn De Tijd). 1956-1957 - De Bewoners van Laag-Wapperen (yn Kris Kras), stripferhaal mei tekst fan Han G. Hoekstra. 1957-1962 - Opa (1957-1962) (yn Olidin) 1962-1963 - Mex (yn Olidin) midden jaren 60 - foar Libelle makke er de yllustraasjes by it ferhaal Mario en de Toverpluisbloem fan Lea Smulders Foar Sjors tekene er tusken 1963 en 1967 Dinkie, Bertram (1968-1969), en Sjors van de Rebellenclub. Tom en Tanja, het spook van Koblenz - fan Francois.

Kategory:Nederlânsk yllustrator Kategory:Nederlânsk tekener Kategory:Nederlânsk boekbânûntwerper Kategory:Nederlânsk striptekener Kategory:Persoan berne yn 1925 Kategory:Persoan stoarn yn 2001