Willem II (folút: Willem Freark George Loadewyk; (De Haach, 6 desimber 1792 – Tilburch, 17 maart 1849) wie fan 1840 oant syn ferstjerren yn 1849 kening fan Nederlân, gruthartoch fan Lúksemboarch en hartoch fan Limburch.
Libben Willem brocht syn jonkheid yn 'e Frânske Tiid fierhinne yn ballingskip troch yn Dútslân, dêr't er opgroeide oan it Prusyske Hof. Tsjin 'e ein fan 'e Napoleontyske Oarloggen tsjinne er earst yn it Prusyske leger, en letter ûnder de hartoch fan Wellington yn it Britske leger yn Spanje. Under de Hûndert Dagen fan Napoleon spile er in wichtige en faak miskende rol troch mei syn Nederlânske en Belgyske troepen de opmars fan it Frânske leger oan 'e foarjûn fan 'e Slach by Waterloo tsjin te kearen by Quartre-Bras. By Waterloo sels rekke er ferwûne oan it skouder. Neitiid hawwe Britske skiedkundigen Willem II en de Nederlânske troepen frijwol alles dat dy deis oan 'e Alliëarde kant misrûn, op 'e hûd skood, yn in besykjen om 'e echte ferantwurdlike, Wellington, skjin te praten. Dêrtroch hat Willem II yn Grut-Brittanje in tige minne namme krigen.
Yn 1813 en 1814 wie der sprake fan dat Willem trouwe soe mei de Britske prinsesse Sjarlotte Augusta, mar dat rûn troch de tsjinnichheid fan 'e breid op 'e non. Yn febrewaris 1816 troude Willem sadwaande ynstee mei Anna Paulovna fan Ruslân, de dochter fan tsaar Paul. Ut dat houlik waarden fiif bern berne, wêrfan't ien al yn 'e widze kaam te ferstjerren. De oaren wiene: de lettere kening Willem III; de ûntroud bleaune Aleksander; Hindrik, dy't fanwegen syn lange maritime wurkpaad wol Hindrik de Seefarder neamd waard; en Sofy, dy't úthylke waard oan gruthartoch Karel Aleksander fan Saksen-Weimar-Eisenach.
Willem II waard yn 1840, nei de troansôfstân fan syn heit, kening fan Nederlân. As sadanich is er benammen bekend wurden om't er yn 1848 "yn ien nacht" fan konservatyf ta liberaal waard en ynstimde mei it plan fan Johan Rudolph Thorbecke om 'e grûnwet sa te feroarjen dat de foarst it grutste part fan syn politike macht ferlear en mear in symboalyske funksje krige. Noch gjin jier letter kaam Willem II by in besyk oan Tilburch hommels te ferstjerren oan longûntstekking. Hy waard byset yn 'e grêfkelder fan syn laach, yn 'e Nije Tsjerke te Delft. Syn soan Willem III folge him op.
Kategory:Kening fan Nederlân Kategory:Gruthartoch fan Lúksemboarch Kategory:Prins fan Oranje Kategory:Prins fan Oranje-Nassau Kategory:Hartoch fan Limburch Kategory:Markys fan Feare en Flissingen Kategory:Greve fan Bueren en Leardaam Kategory:Greve fan Fianden Kategory:Greve fan Katzenelnbogen Kategory:Greve fan Kulemboarch Kategory:Greve fan Nassau-Dietz Kategory:Greve fan Spiegelberg Kategory:Boarchgreve fan Antwerpen Kategory:Baron fan Beilstein Kategory:Baron fan Breda Kategory:Baron fan Dyst Kategory:Baron fan Grave en it Lân fan Cuijk Kategory:Baron fan Herstal Kategory:Baron fan Iselstein Kategory:Baron fan Kranendonk en Eindhoven Kategory:Baron fan Liesveld Kategory:Erf- en frijhear fan it Amelân Kategory:Nederlânsk generaal Kategory:Nederlânsk militêr yn de Napoleontyske Oarloggen Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk balling Kategory:Nederlânsk persoan fan Deensk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Eastenryksk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Frânsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Hugenoatsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Litousk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Poalsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Skotsk komôf Kategory:Hûs Oranje-Nassau Kategory:Persoan berne yn 1792 Kategory:Persoan stoarn yn 1849