Just Havelaar (Rotterdam, 12 febrewaris 1880 – Amersfoart, 3 febrewaris 1930) wie in Nederlânsk skilder en skriuwer oer keunst.

Yn 'e mande mei Dirk Coster rjochte er yn 1921 it moanneblêd De Stem op. Hy wie bot ynteressearre yn de ferhâlding tusken keunst en mienskip. Havelaar skreau in soad boeken en opstellen mei in religieuze, etysk-filosofyske en humanistyske ynslach.

As autodidaktysk skilder wie er net sa bekend.

Publikaasjes Vincent van Gogh (1915) - oer Vincent van Gogh Oud-Hollandse figuurschilders (1915) De symboliek der kunst (1918) Auguste Rodin (1920) - oer Auguste Rodin Het sociaal conflict in de beeldende kunst (1922) Het leven en de kunst (1923) Rembrandt (1928) - oer Rembrandt Symboliek en kerkbouw (1928) Het portret door de eeuwen (1930) Het werk van Frans Masereel (1930) - oer Frans Masereel Hoogtepunten der Oud-Hollandse landschapskunst (1942)

Essays Humanisme (1920) - oer Humanisme Democratie (1921) De religie der ziel (1925) De weg tot de werkelijkheid (1926) De nieuwe mensch (1928) Zwerftochten (1930)

Literatuer P.H. RITTER jr., In Memoriam Just Havelaar, yn: Den Gulden Winckel, 1930. Menno TER BRAAK, Just Havelaar en zijn tegenstanders, yn: Man tegen man, 1931. J.J. OVERSTEEGEN, 11 Just Havelaar (1880-1930), yn: Vorm of vent, 1969. Fernand BONNEURE, Just Havelaar, yn: Brugge Beschreven. Hoe een stad in teksten verschijnt, Brussel, Elsevier, 1984.

Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Nederlânsk keunstkritikus Kategory:Persoan berne yn 1880 Kategory:Persoan stoarn yn 1930