De Universiteit fan Uppsala (Uppsala universitet) is in universiteit yn Uppsala yn Sweden. De universiteit waard yn 1477 stichte en is de âdste universiteit fan Skandinaavje.

De universiteit hat likernôch 40.000 studinten. De fakulteiten binne oer de stêd ferspraat. De universiteit is ek lid fan de Coimbra-groep. Fan âlds studearje leden fan de Sweedske keninklike famylje oan de Universiteit fan Uppsala.

In bekend plak is Linnéträdgården, de botanyske tún dy't oanlein is neffens de ynstruksjes fan Carl Linnaeus. Yn it Gustavianum is in unyk anatomysk teäter ûnderbrocht. In oare wrâldferneamde besjensweardichheid is de Muntkasten fan de Universiteit fan Uppsala. It eardere simmerferbliuw fan Linnaeus, Linnaeus' Hammarby, wurdt ek troch de universiteit beheard.

Ta de bekende âld-studinten hearre Anders Celsius, Carl Linnaeus, Carl Alexander Clerck, Anders Jonas Ångström, August Strindberg, Håkan Nesser, Olaus Rudbeck, Daniel Solander, Pär Lagerkvist en Johann Christian von Schreber. Ek nobelpriiswinner Svante Arrhenius hat oan de universiteit wurke; hy wurdt beskôge as ien fan de grûnlizzers fan de fysyske gemy.

De Universiteit fan Uppsala hat partners oer de hiele wrâld. Sa foarmet se in strategysk bûnsgenoatskip, bekend as de U4, mei de Universiteit fan Gint, de Universiteit fan Göttingen, de Universiteit fan Leien en de Universiteit fan Grins.

Bekende studinten (in kar) Anders Jonas Ångström (1814-1874), astronoom en natuerkundige Peter Artedi (1705–1735), ichtolooch“ Harald Bergström (1908–2001), wiskundige Karin Boye (1900–1941), skriuwer en dichter Anders Celsius (1701–1744), astronoom, wiskundige en natuerkundige Dag Hammarskjöld (1905–1961), twadde sektaris-generaal fan de Feriene Naasjes Salomon Eberhard Henschen (1847–1930), ynternist, neurolooch, earste beskriuwer fan dyskalkuly en it sporthert Carl XVI. Gustaf (* 1946), kening fan Sweden Carolus Linnaeus (1707–1778), natuerûndersiker, peetfaar fan de moderne botanyske en soölogyske Taksonomy Håkan Nesser (* 1950), Schriftsteller Gustaf Einar Du Rietz (1895–1967), botanikus Olof Rudbeck der Ältere (1630–1702), botanikus en dokter, ûntdekker fan it Lymfatysk stelsel Kai Siegbahn (1918-2007), natuerkundige, Nobelpriiswinner Hjalmar Söderberg (1869-1941), Sweedsk romanskriuwer, toanielskriuwer, dichter en sjoernalist.

Kategory:Uppsala Uppsala Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1477