Bingen is in plak (city) yn it súdwesten fan Klickitat County yn de steat Washington, Feriene Steaten. It plak leit oan de rivier de Kolumbia en leit 2 km beëasten White Salmon en sa'n 100 km beëasten de stêdekloft fan Portland-Vancouver.
It plak ûntstie nei it ûntwerp fan Theodor Suksdorf yn 1892 en hy neamde it doarp nei Bingen-am-Rhein yn Dútsklân. Bingen waard op 18 april 1924 offisjeel in stêd.
Bingen (Washington) wurdt útsprutsen as /ˈbɪndʒən/, neffens it Dútske dat as /ˈbɪŋən/ útsprutsen wurdt.
De grutste wurkjouwers yn it stedsje binne: SDS Lumber Company, Underwood Fruit en Insitu.
Bingen leit oan State Route 14. It hat ien fan 2 trein stasjons fan Amtrak op it projekt tusken Vancouver en Pasco.http://www.bingenwashington.org/
Referinsjes
Keppeling om utens Offisjele webside gemeente Articles in Virtualtourist
Kategory:Plak yn Washington Kategory:Plak yn Klickitat County (Washington) Kategory:Plak stifte yn 1892