thumb|Henry SchefferFoto:Pierre Petit

Henry SchefferEk wol Hendrik Scheffer en Henri Scheffer neamd. (De Haach, 25 septimber 1798 – Parys, 15 maart 1862) wie in Nederlânsk keunstskilder dy't yn Frankryk wurke.

Biografy Scheffer wie in soan fan portretskilder Johan Bernard Scheffer (1765-1809) en de Doardtske miniatuerskilder Cornelia Lamme (1769-1839). Dochter Cornélie Scheffer boaske oan de Frânske filosoof Ernest Renan.

Scheffer kaam as tsiender by syn mem yn te wenjen yn Parys. Dêr waard er, krektlyk as syn broer Ary Scheffer, learling fan Pierre-Narcisse Guérin. Fan 1824 ôf eksposearre Scheffer by de Paryske salon. Hy makke sjenrestikken en portretten. Syn wurk wie technysk sterk, mar helle net - mei troch in flak gebrûk fan kleuren - it nivo fan syn broer. Hy joech les oan ûnder oaren syn neef Arie Johannes Lamme. In jier foar syn ferstjerren krige Scheffer in jierjild fan it Frânsk regear takend.

Scheffer stoar yn de âldens fan 63 jier.

Galery

Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Frânsk keunstskilder Kategory:Frânsk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1798 Kategory:Persoan stoarn yn 1862