De Universiteit fan Grienlân (Grienlânsk: Ilisimatusarfik; Deensk: Grønlands Universitet) is de ienige universiteit fan Grienlân. It universiteitsgebou stiet yn de haadstêd Nuuk. Der wurdt ûnderrjochte yn it Deensk of it Grienlânsk. De universiteit krige yn 2009 in nij gebou.

De universiteitsbibleteek hat sa'n 30.000 boeken.

De universiteit hat fjouwer ôfdielings: Teology Literatuer, taalkunde en mediastúdzjes Kulturele en sosjale skiednis Management en ekonomy

Keppelings om utens Katak.gl (sykmasine foar de universiteitsbibleteek)

Kategory:Universiteit yn Grienlân Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1987