thumbnail Willem Hellema (Achlum, 30 novimber 1831 - Dantumawâld, 4 febrewaris 1906) wie in Nederlânsk boargemaster.

Hellema wie in soan fan predikant Hendrik Doekes Hellema en Magdeltje Beekhuis. Hy boaske yn 1865 oan Voske Kuipers (1833-1873). Harren dochter Elsje troude mei Titus Marius ten Berge, boargemsster fan Warkum en Frjentsjerteradiel. Harren soan Dirk Jan Jacob Hellema waard boargemaster in Gruttegast en Saandyk.

Hellema wie kandidaat-notaris yn Bûtenpost. Hy waard yn 1869 buoargemaster fan Achtkarspelen.Algemeen Handelsblad, 4 oktober 1869, s. 1 Teffens wie er plakfergangend kantonrjochter yn it kanton Burgum. Yn 1877 krige er earfol ûntslach dêr't er sels om frege hie.De Tijd, 10 febrewaris 1877, s. 2 Dêrnei waard er notaris yn Dantumawâld.

Hy stoar yn de âldens fan 74 jier.

Kategory:Frysk abbekaat Kategory:Frysk notaris Kategory:Frysk rjochter Kategory:Frysk politikus Kategory:Boargemaster fan Achtkarspelen Kategory:Persoan berne yn Achlum Kategory:Persoan stoarn yn Dantumawâld Kategory:Persoan berne yn 1831 Kategory:Persoan stoarn yn 1906