De oermûnigen (wittenskiplike namme: Protostomata of Protostomia) foarmje in boppestamme fan it ryk fan 'e dieren (Animalia), it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa), it tuskenryk fan 'e twasidigen (Bilateria) en de rangleaze groep fan 'e termdieren (Nephrozoa). Ta de oermûnigen hearre û.m. de lidpoatigen (Arthropoda), de weakdieren (Mollusca), de rûnwjirms (Nematoda) en de platwjirmeftigen (Platyzoa). Fierwei de grutste groep binne de lidpoatigen, dêr't û.m. de ynsekten (Insecta), de spineftigen (Arachnida), de kreefteftigen (Crustacea), en de tûzenpoatigen (Myriapoda) ûnder falle. Oermûnigen rinne dêrmei útinoar fan 'e neakenslak oant de skorpioen en fan 'e dauwjirm oant de oktopus.
Skaaimerken Oermûnigen binne de sustergroep fan 'e nijmûnigen (Deuterostomata). Se ûnderskiede har dêrfan trochdat by de embryonale ûntwikkeling de earste lichemsiepening de mûle wurdt, wylst dat by de nijmûnigen de anus wurdt (de lichemsiepening dy't him as twadde ûntwikkelet, ûntjout him by nijmûnigen ta de mûle). Dêrfandinne de wittenskiplike namme Protostomata of Protostomia, wat yn it Gryksk "earst mûle" bestjut.
Klassifikaasje
boppestamme oermûnigen (Protostomata) stamme pylkwjirms (Chaetognatha) rangleas tuskentakson ferfellingsdieren (Ecdysozoa) stamme beardieren (Tardigrada) stamme ferwielwjirms (Onychophora) stamme hynstehierwjirms (Nematomorpha) stamme korsetdieren (Loricifera) stamme lidpoatigen (Arthropoda) ûnderstamme gifkakigen (Chelicerata) klasse degenkrabben (Merostomata) klasse seeskorpioenen (Eurypterida) † klasse seespinnen (Pycnogonida) klasse spineftigen (Arachnida) ûnderstamme seispoatigen (Hexopoda) klasse binnenkakigen (Entognatha) klasse ynsekten (Insecta) ûnderstamme kreefteftigen (Crustacea) ûnderstamme tûzenpoatigen (Myriapoda) stamme peniswjirms (Priapulida) stamme rûnwjirms (Nematoda) stamme stikelwjirms (Kinorhyncha) rangleas tuskentakson platwjirmeftigen (Platyzoa) stamme bûkhierrigen (Gastrotricha) stamme heakwjirms (Acanthocephala) stamme krânsdieren (Cycliophora) stamme lytstoskdieren (Micrognathozoa) stamme platwjirms (Platyhelminthes) stamme rêddieren (Rotifera) stamme toskmûlwjirms (Gnathostomulida) rangleas tuskentakson kaamkrânsdieren (Lophotrochozoa) rangleas tuskentakson kaamdieren (Trochozoa) stamme ringwjirms (Annelida) stamme slurfwjirms (Echiura) stamme snoerwjirms (Nemertea) stamme weakdieren (Mollusca) rangleas tuskentakson tentakelkrânsdieren (Lophophorata) stamme earmpoatigen (Brachipoda) stamme hoefizerwjirms (Phoronida) stamme moasdieren (Bryozoa) stamme tsjelkwjirms (Entoprocta)
Kategory:Diereryk