Lisa Fischer (Brooklyn, 7 desimber 1958) is in Amerikaanske R&B-sjongster en songwriter, ferneamd fan har hege stim en de hitsngle út 1991, "How Can I Ease the Pain".
Libben Fischer waard berne yn de wenwyk Fort Greene fan Brooklyn, New York City. Oan it begjin fan har wurkpaad begeliede hja Luther Vandross by ferskate toernees en wie hja ek eftergrûnsjongster by Billy Greene en Melba Moore.
Fischer krige in Grammy Award foar de Best Female R&B Vocal Performance yn 1992. Fan mids 90-er jierren ôf oan waard net folle mear fan har fernaam.
Letter gie se geregeldwei mei de Rolling Stones op toernee en trede se ek op mei Tina Turner.
Diskografy Solo albums 1991 - So Intense 1992 - O Come All Ye Faithful-Home Alone 2 Lost In New York
Mei de Rolling Stones 1989 - Steel Wheels 1991 - Flashpoint (Live Album) 1994 - Voodoo Lounge 1995 - Stripped (Live Album) 1997 - Bridges to Babylon 1998 - No Security(Live Album) 2002 - Forty Licks 2003 - Four Flicks (4-DVDset) 2004 - Live Licks (Live Album) 2007 - The Biggest Bang (4-DVDset) 2008 - Shine a Light (bioskoopfilm Martin Scorsese, ek op DVD) 2013 - Hyde Park Live (Live Album) – ek as DVD: Sweet Summer Sun: Live in Hyde Park
Prizen en nominaasjes Jier Priis 1991 Soul Train Music Award for Best R&B/Urban Contemporary Single - Foar "How Can I Ease the Pain" (wûn) 1991 Grammy Award for Best Female R&B Vocal Performance foar "How Can I Ease the Pain" (wûn) 1991 Grammy Award for Best R&B Song foar "How Can I Ease the Pain" (nominaasje)
Keppelings om utens Offisjele webside fan Lisa Fischer Lisa Fischer by IMDb
Kategory:Amerikaansk sjonger Kategory:Amerikaansk lietsjeskriuwer Kategory:Amerikaansk soulartyst Kategory:Amerikaansk rockartyst Kategory:Amerikaansk R&B-artyst Kategory:The Rolling Stones Kategory:Grammy-winner Kategory:Amerikaansk muzikant fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1958