De Konfederearre Steaten fan Amearika (Ingelsk: Confederate States of America), of koartwei de Konfederaasje (Ingelsk: the Confederation), wie in troch gjin inkeld besteand lân as ûnôfhinklik erkend diel fan 'e Feriene Steaten, dat him tusken 1860 en 1865 fan 'e Amerikaanske Uny besocht ôf te skieden. It wie in konfederale republyk, besteande út 11 fan 'e eardere Amerikaanske steaten, dy't rûchwei de geografyske regio fan it Amerikaanske Suden besloech. De haadstêd fan 'e Konfederaasje wie oant maaie 1861 Montgomery, yn Alabama, en dêrnei Richmond, yn Firginia.
It Suden fan 'e Feriene Steaten ûnderskate him fan it (frije en yndustriële) Noarden trochdat it de slavernij as ynstitút beholden hie en trochdat it in ekonomy hie dy't fierhinne berêste op lânbou. Der bestiene tusken de beide lânsdielen ferskate skelen dy't troch de oerwinning fan 'e doedestiden nije Republikeinske Partij by de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 1860 ta útbarsting kamen, mei as gefolch de ôfskieding fan it Suden. Dat late ta de fiif jier duorjende Amerikaanske Boargeroarloch, dy't op 't langelêst troch it Noarden wûn waard.
Geografy De Konfederaasje besloech it Suden fan 'e Feriene Steaten minus de steaten Marylân, Delaware, Kentucky en Missoury. Yn it noarden en westen waard dit lân begrinzge troch de Feriene Steaten, yn it easten troch de Atlantyske Oseaan, yn it suden troch de Golf fan Meksiko en yn it súdwesten troch Meksiko. De wichtichste lânskipseleminten yn 'e Konfederaasje wiene de rivier de Mississippy, dy't it lân yn in likernôch like grut eastlik en westlik diel opspjalte, en de Appalachen, dy't har yn it midnoarden oer ferskate steaten útstrieken.
Demografy Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 1860 hiene de steaten dy't it jiers dêrop de Konfederaasje foarmje soene, doedestiden 9.103.332 ynwenners, mei dêrûnder 3.521.110 negerslaven. De frije befolking fan 'e Konfederaasje, dy't net inkeld út blanken bestie, mar ek út guon frije swarten en Yndianen, bestie dus út 5.582.222 minsken. De befolkingstichtens lei op 4,6 minsken de km².
Oarsaken foar de ôfskieding As tsjintwurdich weromsjoen wurdt op 'e ôfskieding fan 'e Konfederaasje en op 'e Amerikaanske Boargeroarloch, leit men ornaris de klam op 'e slavernij. It Noarden soe it Suden twinge wollen hawwe en skaf de slavernij ôf, wylst it Suden dat ynstitút behâlde woe. De wierheid is lykwols in stik yngewikkelder en hat benammen te krijen mei ekonomyske motiven. It Suden wie fan âlds in krite dêr't katoen en tabak ferboud waard, mei't it waarme klimaat fan it gebiet him dêr by útstek ta liende. Dy gewaaksen brochten op 'e bûtenlânske merk in bêste priis op, en makken de eigners fan grutte plantaazjes ta de rike boppelaach fan 'e Súdlike maatskippij. Der bestie sadwaande yn it Suden gjin inkele oanstriid ta feroaring of foarútgong. Ek de ôfskaffing fan 'e slavernij wie tige ûnoantreklik, mei't de ûnbidige katoen- en tabaksplantaazjes ûnrindabel wurde soene as der gjin arbeidskrêften mear te besetten wiene dy't frijwol fergees it swiere wurk fersetten. Meitiid makken de blanken yn it Suden harsels wiis dat it de "natuerlike oarder" fan 'e wrâld wie dat de swarten har slaven wiene.
Hiel oars giet it yn it Noarden om en ta. Dêr wiene gjin grutte plantaazjes, om't it klimaat der te kâld wie foar de grutskalige katoen- of tabaksbou. Fan gefolgen wie men dêr gjin slaven brek om 'e ekonomy draaiende te hâlden, en wie it dus in stik ienfâldiger om dêr de slavernij ôf te skaffen. Doe't der geandewei de njoggentjinde iuw yn it Noarden àl ferlet kaam fan goedkeap wurkfolk foar yn 'e fabriken, waard dêryn foarsjoen troch de grutte stream ymmigranten út Jeropa wei, dy't trouwens faak har wurk dwaan en wenje moasten yn hast noch mindere omstannichheden as dêr't de negerslaven yn it Suden mei te krijen hiene.
Op dizze wize ûntstie der yn 'e Feriene Steaten in twadieling tusken it yndustriële Noarden, en it Suden dat it fan 'e lânbou hawwe moast. Fan gefolgen hiene de beide lânsdielen ferlet fan hiel ferskillend ekonomysk belied. It Noarden hie der baat by dat de ynfier fan útlânske produkten beheind waard om 'e eigen fabriken te beskermjen. It Suden, dat libbe fan 'e eksport, koe net sûnder in frije hannel mei it bûtenlân. Om't it Noarden mear steaten omfieme en in gruttere befolking hie, en sadwaande in mearderheid besette yn it Amerikaanske Kongres, krigen de Noarderlingen yn 'e regel har sin, wat yn it Suden in protte kwea bloed sette. It aktivisme fan in trouwens frij lytse kliber Noardlike abolysjonisten foar de ôfskaffing fan 'e slavernij yn it hiele lân waard yn dit ramt troch in grut part fan 'e Suderlingen sjoen as in streekrjochte oanfal op har middels fan bestean.
Hjir kaam noch by dat der in slepend polityk skeel bestie tusken de oanhingers fan 'e Uny, dy't fral yn it Noarden te finen wiene, en de oanhingers fan 'e steatsrjochten, dy't fierhinne ta it Suden beheind wiene. Dit mieningsferskil gie om 'e kearn fan 'e Amerikaanske republyk. De oanhingers fan 'e steatsrjochten beskôgen de Feriene Steaten nammentlik as in steatebûn, in groepke steaten dy't fan harsels soeverein wiene, mar dy't foar it gemak it spul op ien bulte smiten hiene om guon dingen mei-inoar te regeljen. De oanhingers fan 'e Uny wiene lykwols fan miening dat de Feriene Steaten in bûnssteat wie, en dat it net de ôfsûnderlike steaten, mar de Uny sels wie dy't soeverein wie; de steaten hiene har soevereiniteit opjûn doe't se har by de Uny oansletten hiene, en koene dy soevereiniteit sûnder in wiziging fan 'e Amerikaanske Grûnwet ek nea wer weromkrije. Koartsein: dit wie it ferskil tusken de Feriene Steaten en de Feriene Steaten.
De ôfskieding Geandewei de 1850-er jierren boazen de spannings tusken it Noarden en it Suden almar fierder oan. De nije Republikeinske Partij, dy't yn it Noarden it plak fan 'e âlde Whigpartij ynnaam en dêr grutte oanhing wist te winnen, waard yn it Suden sjoen as in binde revolúsjonêren, dy't troch de macht te gripen yn it Amerikaanske Kongres it Suden de wet foarskriuwe woene. Doe't de presidintsferkiezings fan novimber 1860 wûn waarden troch de Republikein Abraham Lincoln, dy't yn it Noarden mear as 60% fan 'e stimmen en yn it Suden frijwol gjin inkele stim krige, hiene in protte Suderlingen har nocht.
It radikaalst fan alle Súdlike steaten wie doedestiden Súd-Karolina, dêr't al op 20 desimber 1860 de ûnôfhinklikheid útroppen waard. Foar it útbrekken fan 'e Boargeroarloch diene seis oare steaten datselde: Mississippy (9 jannewaris 1861), Floarida (10 jannewaris), Alabama (11 jannewaris), Georgia (19 jannewaris), Louisiana (26 jannewaris) en Teksas (1 febrewaris). Op 8 febrewaris kamen ôffurdigen fan dizze sân steaten byinoar. De earste seis besleaten doe en foarmje ien mienskiplik regear, en dêrmei waard de Konfederaasje berne. Teksas sleat him dêrby oan op 2 maart, nei't der in referindum holden wie. It begjin fan 'e fijannichheden mei it Noarden fûn plak op 12 april, doe't it nije leger fan Súd-Karolina de oanfal iepene op Fort Sumter, in militêre fêsting yn 'e haven fan Charleston. Fan gefolgen kundige presidint Lincoln yn it Noarden trije dagen letter de mobilisaasje ôf. Dat wie wer oanlieding foar Firginia om him op 17 april ôf te skieden, folge troch Arkansas (6 maaie), Tennessee (7 maaie) en Noard-Karolina (20 maaie). Dizze steaten sleaten har binnen in pear wike allefiif by de Konfederaasje oan.
Doe wiene der noch fjouwer slavehâldende steaten yn 'e Feriene Steaten oer: Marylân, Delaware, Kentucky en Missoury. Marylân risselwearre ek ta ôfskieding, mar dêr lei it Amerikaanske federale regear it near op troch der de steat fan belis út te roppen en it gebiet ûnder militêr bestjoer te pleatsen. Rezjiminten Marylânske frijwilligers tsjinnen de hiele Boargeroarloch troch yn it Konfederearre leger. Delaware besocht nea om him ôf te skieden, en levere likemin ea in fol rezjimint frijwilligers oan it Suden, mar it hold fêst oan 'e slavernij oant Lincoln de steat al tsjinakseljend ta ôfskaffing twong. Kentucky smiet it oer in oare boech en ferklearre himsels neutraal. Doe't Konfederearre troepen oer de súdgrins kamen, rôp it lykwols de help fan it Noarden yn. In diel fan it steatsparlemint fan Kentucky joech him by de Konfederaasje en foarme yn it Suden in regear-yn-ballingskip. Yn Missoury, ta einsluten, besleat it steatsparlemint om by de Uny te bliuwen, mar in besykjen fan 'e gûverneur om 'e wapens fan 'e steatsmilysje út 'e hannen fan it Noardlike leger te hâlden, late ta in wapene konfrontaasje, wêrby't sawol gûverneur as steatsparlemint út 'e steatshaadstêd Jefferson City ferdreaun waarden. Yn Neosho, yn súdlik Missoury, kamen se yn ballingskip wer gear en namen op 31 oktober 1861 in foarstel ta ôfskieding oan. It is ûnder histoarisy noch altyd in striidkwestje oft dêr it fereaske kwoarum foar oanwêzich wie. Hoe dan ek, al makke de Konfederaasje oanspraak op sawol Kentucky as Missoury, dy beide gebieten waarden nea behearske.
Wol behearske it Suden lange tiid it Yndiaansk Territoarium (it hjoeddeiske Oklahoma), dêr't twa fan 'e saneamde Fiif Beskaafde Stammen, te witten de Tsjoktau en de Tsjikkesau, har yn 1861 al by de Konfederaasje joegen. Nei 1863 sleaten ek (dielen fan) de Sjeroky, de Kriik en de Seminoalen har by de Konfederaasje oan. Fierders foarmen de boargers fan 'e súdlike helte fan it Nij-Meksiko-territoarium (dat ek it lettere Arizona omfette) in konvinsje dêr't op 16 maart 1861 besletten waard om har oan te sluten by de Konfederaasje. Dy krite, in stripe by de Meksikaanske grins lâns fan Teksas oant Kalifornje, waard yn 1862 omfoarme ta it Konfederearre Arizona-territoarium. Letter dat jier waard dit gebiet troch Noardlike troepen út Kalifornje wei ferovere, en moast it Konfederearre territoriale regear yn ballingskip gean yn Teksas.
Sels binnen de steaten dy't har by de Konfederaasje oansletten hiene, wie de stipe foar de ôfskieding net algemien, fral net yn 'e grinsgebieten. Yn it noardwesten fan it doetiidske Firginia rjochten unionisten in eigen regear op, dat ûnder de Boargeroarloch de nije steat West-Firginia organisearre. Dat diel fan it âlde Firginia trede sadwaande op 20 juny 1863 as selsstannige Amerikaanske steat ta de Uny ta, ek al behearsken de unionisten nea mear as likernôch de helte fan it gebiet dêr't se oanspraak op makken en wiene de ôfskate countys oant de ein fan 'e oarloch fertsjintwurdige yn it Konfederearre parlemint. Yn 1863 griepen unionisten ek yn eastlik Tennessee de macht. Sels yn dielen fan Noard-Karolina stie de befolking fierhinne efter de Uny, oant dat gebiet troch it Noarden ferovere waard en de pleatslike unionisten troch it skrikbewâld fan 'e Noardlike troepen yn 'e earms fan 'e Konfederaasje dreaun waarden.
Bestjoer De haadstêd en it politike sintrum fan it nije lân wie oant maaie 1861 Montgomery, yn Alabama, mar neitiid waard dêrfoar Richmond, yn Firginia, útkeazen. Dêrmei lei de Súdlike haadstêd nuveraardige deunby de Noardlike haadstêd Washington, D.C. De Konfederaasje kopiëarre alle besteande regearingsynstellings fan 'e Feriene Steaten. It hie in Kongres, dat bestie út in Senaat en in Hûs fan Offurdigen, en dat syn sit hie yn it Konfederearre Kapitoal. De útfierende macht wie yn 'e hannen fan in keazen presidint, Jefferson Davis, en as dy wat oerkaam, stie der in fise-presidint (Alexander Stephens) ree om it regear oer te nimmen. De Konfederearre Grûnwet wie oant op 'e komma persiis deselde as dy fan 'e Feriene Steaten, mei in pear kêsten tafoege oer it behâld fan 'e slavernij. Under de Boargeroarloch joegen sawol it Noarden (1861) as it Suden (1863) in postsegel út mei dêrop de likenis fan George Washington, en brûkten dêrfoar itselde portret fan Gilbert Stuart.
De oarloch