De Minorkareuzesliepmûs (wittenskiplike namme: Hypnomys mahonensis) is in útstoarn sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e sliepmûzen (Gliridae) en it skaai fan 'e Baleaarske sliepmûzen (Hypnomys). Dizze soarte bestie fan it Midden-Pleistoseen oant resint (d.w.s. inkele tûzenen jierren lyn), en wie yn syn fersprieding beheind ta it eilân Minorka, ien fan 'e Spaanske Baleären, yn it Westlik Bekken fan 'e Middellânske See.
Taksonomy De Minorkareuzesliepmûs wie folle grutter as syn neiste sibben op it fêstelân fan Jeropa, en wurdt dêrom beskôge as in foarbyld fan eilângigantisme, it ferskynsel dat guon bistesoarten dy't isolearre op eilannen libje har ta folle gruttere foarmen ûntjouwe as dat op it fêstelân oerlibje kinne soene. De Minorkareuzesliepmûs wie it naust besibbe oan 'e (krektlyk útstoarne) Majorkareuzesliepmûs (Hypnomys morpheus) fan it buoreilân Majorka, en dêrnei oan 'e skaai fan 'e ikelmûzen (Eliomys).
Kategory:Fossyl sûchdier Kategory:Baleaarske sliepmûs Kategory:Pleistoseen Kategory:Bist útstoarn yn it Holoseen Kategory:Fossyl yn Spanje