Assimiliaasje is in fonetysk proses. Der binne twa soarten assimilaasje, lofter- en rjochterassimilaasje. Lofterassimilaasje komt folle mear foar.
Lofterassimilaasje Assimilaasje fan plak By de assimilaasje fan plak wurdt de 'n' fan syn artikulaasjeplak skuord. De n wurdt trochstings dentaal útsprutsen. Foar de felare k/g feroaret de n yn de felare ŋ (in gadingmakker wurdt [iŋɡa:dɪŋmakr]). Foar de bilabiale m/p/b feroaret de n yn de bilabiale m (dyn mem wurdt [dimɛm])
Assimilaasje fan stim By assimilaasje fan stim binne der twa haadregels. Stimleaze ploffer De regel is sa; in stimleaze ploffer + stimhawwende ploffer wurdt in stimhawwende kloft. Opbealgje wurdt dêrby [obɪ.əlgjə]. Stimleaze rûzer De regel is sa; in stimleaze rûzer + stimhawwend foneem wurdt in stimhawwende kloft. Dêrby feroaret raas ris yn [ra:zrəs].
Rjochterassimilaasje Stimleaze rûzer of ploffer + d fan lytse wurdsjes as de, dy, dit, dat, dizze, dan, der, doe en t. Op dy wize''' wurdt dan [optivi:zə]. De s fan it foarnamwurd se feroaret yn z wêrby hie se'' bygelyks feroaret yn [hi.əzə].
Sjoch ek Degiminaasje
Kategory:Fonology