Kortney Kane, echte namme: Hannah Kingry (31 july 1986), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise, wa har artystenamme oft ek wol misstavere wurdt as Courtney Kane of Kourtney Kane. Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m, mei in gewicht fan 48 kg en kupmaat 32DD, dêr't se oan kommen is troch in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean.

Libben en karriêre Kortney Kane waard yn 1986 berne yn 'e steat Súd-Karolina, yn it Amerikaanske Suden. Har earste baantsje wie as skjinmakster op in priveeskoalle, doe't se fjirtjin jier wie. Neffens eigen sizzen hie se datselde jiers har earste seksuële ûnderfining. Net lang nei't se mearderjierrich wurden wie, ferfear se nei de steat Kalifornje, oan 'e Amerikaanske westkust. Dêr wurke hja earst as barkeepster yn in stripklub, ear't hja úteinlik yn 2009 behelle rekke yn 'e pornoyndustry.

Kane makke har debút yn in pornografyske film yn 2010, doe't se 25 jier wie. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn likernôch 120 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande Amerikaanske labels as Pure Play Media, Adam & Eve, Third Degree Films, Digital Playground, Wicked Pictures, Digital Sin, Zero Tolerance, Penthouse, Jules Jordan Video, Evil Angel, Red Light District, Devil's Film en Vivid Entertainment. Dêrnjonken hat se ek foar ferskate Jeropeeske studio's wurke, wêrûnder it Sweedske Private en it Dútske Magmafilm. En ek hat Kane in protte wurke foar pornosites as Brazzers, Muffia en PornPros. Yn 2013 waard se nominearre foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld).

Njonken har aktearwurk posearret Kane ek as neakenmodel foar in ferskaat oan neakenblêden. Yn 2013 stie se op dy manear as Miss Oktober yn 'e Amerikaanske edysje fan 'e Penthouse. Kourtney Kane wennet op 't heden (2014) yn Los Angeles.

Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn2013AVN Awardnominearreûnderwurdearre stjer fan it jiern.f.t.XRCO Awardnominearreûnderwurdearre stjern.f.t.

Keppelings om utens Offisjele webside fan Kortney Kane Biografy en filmografy fan Kortney Kane yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens en filmografy fan Kortney Kane yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)

Kategory:Amerikaansk skjinmakker Kategory:Amerikaansk neakenmodel Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur Kategory:Persoan berne yn 1986