Seth Regner Gaaikema (Uithuizen, 11 july 1939 – De Bosk, 21 oktober 2014) wie in Nederlânsk kabaretier, musicalskriuwer en fertaler.
Libben en wurk Gaaikema syn heit en mem wiene doperske predikanten. Nei in stúdzje Nederlânske Taal- en Letterkunde, sette er útein mei it skriuwen fan teksten foar ûnder oaren foar Wim Kan. Syn earste optreden as kabaretier wie yn 1967. Yn 't earstoan trede er op mei in selskip, letter makke er solo-foarstellings.
In 1969 makke Gaaikema syn earste âldjiersjûnprogramma, Heer ik kom hier om te twijfelen. Hy briek in jier letter troch as kabaretier mei de Aldjierskonferênse Tien Miljoen Geboden, de tsien geboaden fan Mozes toetst oan de maatskippij fan de jierren santich. Yn de jierren tachtich makke er âldjierskonferênses foar de omrop Veronica. Ek yn de njoggentiger jierren makke er in stikmannich âldjierskonferênses. Gaaikema pykte der út yn it boartsjen mei wurden. Guonts ûnderfûne dat lykwols as bryk, mei omdat er dat in sa'n soad die. Nettsjinsteande Gaaikema syn grutte produksje kaam him dat op in protte krityk te stean, sawol fan kritisy as fan kollega-kabaretiers.http://www.coenverbraak.nl/gaaikema.htm
Teksten skriuwe hie Gaaikema gjin muoite mei. Hy krige dêr ferskate ûnderskiedings foar. Ynearsten skreau er foar Wim Kan, mar sûnt 1956 skreau en fertaalde er ek teksten foar musicals.Neffens de biografy op de webside sethgaaikema.nl sûnt 1958. Dat begûn doe't de direkteur fan it Nieuwe de la Mar Theater him frege om de lietsjes yn de musical My Fair Lady oer te settenMy fair lady : een musical naar Pygmalion van Bernard Shaw, fan Alan Jay Lerner ; fertaling tekst: Hubert Janssen en Alfred Pleiter ; bewurking lietjes Seth Gaaikema ; H.W. Becht, Amsterdam (1956). Dêrnei folgen Oliver, Kiss Me Kate, Driestuiversopera, Les Misérables, The Phantom of the Opera, Evita, Miss Saigon, Chicago en de operette La Vie Parisienne.
Fierder skreau er de musicals Swingpop, Publiek, Grace, Kuifje: De Zonnetempel, Catharine en Adam en Eva (Dútslân).
Mei de ôfskiedsfoarstelling Wat ik nog graag zou willenyn it teäterseizoen 2013-2014 sluet Gaaikema syn 55 jierige karriêre ôf. De lêste foarstelling wie op 19 jannewaris 2014 yn de Stedsskouboarch yn Grins.
Yn it âldjiersjûnprogramma 1988 kaam Gaaikema út foar syn homoseksualiteit. Hy boaske oan syn manager; it pear wenne yn Schijndel, Noard-Brabân. Gaaikema stoar 21 oktober 2014 oan hertfalen yn it Jeroen Bosch Sikehûs.
Programma's (net folslein) Bydragen foar Wim Kan 1963 12 miljoen oliebollen op aardgas - Oudejaarsavond 1963 1966 Lachend over de loongrens - Oudejaarsavond 1966
Eigen programma's 1963 Avondje Nederlands 1967 Kom kom,tuut tuut,ho ho 1968 En ik.. zei Seth 1969 Heer, ik kom hier om te twijfelen 1970 Tien Miljoen geboden 1971 Met mekaar op oudejaar 1972 Elf verdwazingen 1975 Familie Willekeur 1978 Toen de zwijgers gingen spreken 1980 Seth nu 1981 Het laatste zaaltje met gezond verstand 1985 En waarom zeg ik dit? 1986 Dat moet toch kunnen 1988 Zo kan het ook 1989 Nog één dag om het goed te maken 1990 Geef mij maar Nederland 1991 Achter de horizon 1993 De wereld is stapelgek, nu wij nog 1995 Schande 1997 Uitverkoop van de Eeuw 2000 De Ommekeer 2003 De orkaan doorstaan 2005 Als 't effe kan 2008 Als was het de eerste keer 2010 Het mooiste komt nog 2012 Wat ik nog graag zou willen!
Albums 1967 - Kom, Kom! Tuut, Tuut! Ho, Ho! - 12"lp - Barclay - HB 2001 1969 - En... Ik, Zei Seth - 12"lp - PHILIPS - 861 819 LCY 1971 - Tien Miljoen Geboden - 12"lp - PHILIPS - 6413 023 1971 - Seth En Willeke In Scheveningen (mei Willeke Alberti) - 12"lp - PHILIPS - 6423 009 1974 - Seth's Verdwazingen - Seth Gaaikema One-Man Show - 12"lp - PHILIPS - 6413 049 1976 - Dat Typisch Hollands Vingertje! - 12"lp - PHILIPS - 6413 093 1977 - Cabaret - Vandaag Gisteren Morgen 15 - Seth Gaaikema - 12"lp - PHILIPS - 9286 801 1977 - One-Man Show: Familie Willekeur - 2 12"lp's - PHILIPS - 6629 004 1978 - Wuiven Naar Elkaar - 12"lp - PHILIPS - 9199 490 1980 - Seth! - 12"lp - PHILIPS - 6423 408 1981 - Lyrisch Intermezzo - 12"lp - PHILIPS - 6423 500 1982 - De Haagse Operette - 12"lp - PHILIPS - 6423 559 1984 - Seth '84 (yn 'e mande mei The Broads) - 12"lp - DURECO - 88 081 1986 - En Waarom Zeg Ik Dit... ? (Aldjierskonferênse '85-'86) - 12"lp - CNR - 655 233 1991 - Geef Mij Maar Nederland - cd - RED BULLET - RB 66 33 1991 - Jij En Ik - cd - RED BULLET - RB 66 43 1995 - Nederland Ziet Paars - cd - RED BULLET - RB 66 97
Singles 1962 - Kip In Parijs + Molepof / Vleute + Blauw - 7"EP - PHILIPS - 433 143 PE 1966 - Handhaaft .. En Beschaaft: Handhaaft En Beschaaft + Waar Is De Tijd / Hooggeplaatste Personen + Feest - 7"EP - VINDICAT ATQUE POLIT - 110 720 E 1967 - Ik Weet Nog Goed / Samen In De Sauna, Ja Gezellig - 7"single - BARCLAY - 60 829 1969 - Wat een spreker is die man / Dame Van Suriname - 7"single - PHILIPS - JF 336 092 1970 - Pastorie / Twijfelen - 7"single - PHILIPS - 6012 022 1971 - Het Lunslied / Jurgen En Job - 7"single - PHILIPS - 6012 088 1972 - Nooit Meer Doen / Met Mekaar In 't Nieuwe Jaar - 7"single - PHILIPS - 6012 185 1973 - Ver Van De Troon, Deel 1 / Ver Van De Troon, Deel 2 - 7"single - PHILIPS - 6012 375 1982 - Sire Dries En De Anderen... - 7"FD - ELSEVIER - SHOL 3349
DVD 2014 - Seth Gaaikema (sammelboks)
Underskiedings 1966 Kulturele priis fan de provinsje Grinslân 1987 Gouden Harpe, stichting Conamus 2000 De Kubus Musical Oeuvre Award
Keppeling om utens Offisjele webside
Kategory:Nederlânsk kabaretier Kategory:Nederlânsk foardrachtskeunstner Kategory:Nederlânsk toanielskriuwer Kategory:Nederlânsk tekstskriuwer Kategory:Nederlânsk komyk kategory:Nederlânsk oersetter Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1939 Kategory:Persoan stoarn yn 2014