Henk Stallinga (Tytsjerk, 25 septimber 1962) is in Nederlânsk yndustrieel ûntwerper en keunstner,Bernd Polster (2006) The AZ of modern design. s. 463
Wurkpaad Stallinga studearre yn 1993 ôf yn industrial design oan de Rietveld Akademy yn Amsterdam en rjochte itselde jier Studio Stallinga op.
Stallinga syn wurk ferkend de grinzen fan design en byldzjende keunst; it wol in lykwicht tusken funksjonaliteit en ferbylding wêze. Syn wurk nûget en daget de brûker as sjogger út om it yndustrieel produkt mei oare eagen te besjen.
Stallinga krige ynternasjonale erkenning mei de Mondriaan-eksposysje fan 1995 yn it MoMa New York; yn it Garden CaféParseberjocht oer de Mondriaan-útstalling fan it MoMa wie wurk set fan Henk Stallinga, Joep van Lieshout en oaren.Ellinoor Bergvelt. Van neorenaissance tot postmodernisme: hondervijfentwintig jaar Nederlandse interieurs, 1870-1995. Utjouwerij 010, 1996. s. 343.
Wurken It wurk fan Stallinga wurdt ynternasjonaal wurdearre en is opnaam yn de permaninte kolleksjes fan:Artikel yn Metropolis MoMa New YorkArtikel oer Design yn The New York TimesWork in the collection of the MoMA Cooper Hewitt New York, San Francisco Museum of Modern Art Fonds National Art Contemporain Paris Louisiana Museum Denmark Steds Museum Amsterdam.Henk Stallinga by Steds Museum AmsterdamAdrichem, J., de Roode, I.(2004) The Furniture Collection Stedelijk Museum Amsterdam. s. 354 en Achmea Art CollectionPark Bench by Henk Stallinga in the Art Collection of Achmea Akzo Nobel Art Foundation
Stallinga syn wurk is fierder te finen yn tal fan partikuliere samlingen.
Galery
Keppelings om utens Stallinga.nl (Koreaansk) Beyond common ideas Henk Stallinga The New Berlage Chair
Kategory:Frysk byldzjend keunstner Kategory:Frysk ûntwerper Kategory:Nederlânsk byldzjend keunstner Kategory:Nederlânsk ûntwerper Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Tytsjerk Kategory:Persoan berne yn 1962