De echte iikhoarntsjes (wittenskiplike namme: Sciurinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha) en de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae). Yn dizze ûnderfamylje wurde de echte beamiikhoarntsjes feriene mei de fleanende iikhoarntsjes. Yn ferâldere yndielings waarden de fleanende iikhoarntsjes yn in aparte ûnderfamylje (Pteromyinae) pleatst, wylst alle oare dielen fan 'e iikhoarntsjesfamylje gearbrocht waarden yn in twadde ûnderfamylje (Sciurinae), mar dy klassifikaasje is wjerlein troch modern genetysk ûndersyk.

Underfamylje-opbou

ûnderfamylje echte iikhoarntsjes (Sciurinae) tûke echte beamiikhoarntsjes (Sciurini) skaai Amerikaanske dwerchiikhoarntsjes (Microsciurus): 4 soarten skaai beamiikhoarntsjes (Sciurus): 30 soarten skaai Borneo-iikhoarntsjes (Rheithrosciurus): 1 soarte skaai Middenamerikaanske berchiikhoarntsjes (Syntheosciurus): 1 soarte skaai Noardamerikaanske reade iikhoarntsjes (Tamiasciurus): 3 soarten tûke fleanende iikhoarntsjes of fleanhoarntsjes (Pteromyini) ûndertûke blaugrize fleanende iikhoarntsjes (Glaucomyina) skaai dwerchfleanhoarntsjes (Petaurillus): 3 soarten skaai fleanende iikhoarntsjes fan de Nije Wrâld (Glaucomys): 2 soarten skaai Yndonezyske fleanende iikhoarntsjes (Iomys): 2 soarten skaai Yndyske fleanende iikhoarntsjes (Petinomys): 9 soarten skaai Kasjmierfleanhoarntsjes (Eoglaucomys): 1 soarte skaai pylsturtfleanhoarntsjes (Hylopetes): 10 soarten ûndertûke echte fleanende iikhoarntsjes (Pteromyina) skaai fleanende iikhoarntsjes fan de Alde Wrâld (Pteromys): 2 soarten skaai grutte swarte fleanende iikhoarntsjes (Aeromys): 2 soarten skaai hierpoatfleanhoarntsjes (Belomys): 1 soarte skaai Namdaphafleanhoarntsjes (Biswamoyopterus): 1 soarte skaai Noardsineeske fleanende iikhoarntsjes (Aeretes): 1 soarte skaai oarstoskige fleanende iikhoarntsjes (Trogopterus): 1 soarte skaai reekfleanhoarntsjes (Pteromyscus): 1 soarte skaai reuzefleanhoarntsjes (Petaurista): 11 soarten skaai rotsfleanhoarntsjes (Eupetaurus): 1 soarte

Kategory:Iikhoarntsje