De echte beamiikhoarntsjes (wittenskiplike namme: Sciurini) foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en de ûnderfamylje fan 'e echte iikhoarntsjes (Sciurinae). Ta dizze tûke hearre 39 soarten ferdield oer fiif skaaien, wêrfan't trije yn 'e Nije Wrâld foarkomme en ien yn Jeraazje, wylst it fyfde, monotypyske skaai inkeld op it Súdeastaziatyske eilân Borneo libbet.
Tûke-opbou
tûke echte beamiikhoarntsjes (Sciurini) skaai Amerikaanske dwerchiikhoarntsjes (Microsciurus): 4 soarten skaai beamiikhoarntsjes (Sciurus): 30 soarten skaai Borneo-iikhoarntsjes (Rheithrosciurus): 1 soarte skaai Middenamerikaanske berchiikhoarntsjes (Syntheosciurus): 1 soarte skaai Noardamerikaanske reade iikhoarntsjes (Tamiasciurus): 3 soarten
Kategory:Iikhoarntsje