De grillen of grilken (Latynske namme: Calidris), ek wol bekend as de strânrinners, al is dat eins in hollanistyske ynterferinsje, foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it skift fan 'e wilstereftigen (Charadriiformes) en de famylje fan 'e snipfûgels (Scolopacidae). Grillen binne steltrinners dy't yn it Artysk gebiet briede, mar yn súdliker oarden oerwinterje, wêrby't se grutte swaarmen foarmje oan 'e mûningen fan rivieren. Se binne lyts oant middelgrut, mei lange wjukken en relatyf koarte snabels mei gefoelige úteinen dêr't se proaidieren mei opspoare kinne dy't har yn 'e drek yngroeven hawwe.
Taksonomy De ûnderlinge besibskip fan 'e ferskate soarten dy't it grilleskaai foarmje, binne noch net alhiel ûnttize. Ferskate skaaien dy't earder as selsstannich beskôge waarden, wurde no yn 'e regel by de grillen ûnderbrocht, lykas dat fan 'e steltgril (Calidris himantopus), mar de nije yndieling is net folslein befredigjend. Sa is ûnderwilens útsteld om 'e trijeteangril (Calidris alba) yn in monotypysk skaai mei as namme Crocethia ûnder te bringen, wylst de krombekgril (Calidris ferruginea) it skaai Erolia foarmje kinne soe. Oan 'e oare kant wolle guon de hjoeddeistige, monotypyske (út ien soarte besteande) skaaien fan 'e brâninggrillen (Aphrizia), de breedbekgrillen (Limicola) en de leppelbekgrillen (Eurynorhynchus) krekt mei de grillen op ien bulte smite.
Yn 2004 die út genetysk ûndersyk bliken dat it grilleskaai nei alle gedachten yndie opspjalte wurde moat, mar der wie net genôch DNA-materiaal fan 'e seldsumer soarten as de krombekgril (Calidris ferruginea) beskikber om 'e relaasjes tusken de ûnderskate soarten persiis út te puzeljen. Boppedat is it bekend dat de ferskillende grillesoarten har yn oansjenlike mjitte mei-inoar fuortplantsje kinne, wat ûndersyk dat inkeld berêst op mitogondriaal DNA ûnbetrouber makket.
Soarten Om't de persize ûnderlinge besibskip fan 'e ferskillende soarten grillen noch net alhiel útiten is, is it hjirûnder beane skema ûnder foarbehâld. De mooglik selsstannige skaaien wurde hjir as ûnderskaaien werjûn.
skaai grillen (Calidris) ûnderskaai echte grillen (noch gjin namme; Ereunetes?) Alaskagril (Calidris mauri) bairdgril of Bairds gril (Calidris bairdi) Beringgril (Calidris ptilocnemis) bonapartegril of Bonapartes gril (Calidris fuscicollis) bûnte gril (Calidris alpina) dwerchgriltsje (Calidris minutilla) griltsje (Calidris minuta) grize gril (Calidris pusilla) ljochte tjirk (Calidris subruficollis; foarhinne Tryngites subruficollis) pearse gril (Calidris maritima) readkielgril (Calidris ruficollis) streekte gril (Calidris melanotos) taigagril (Calidris subminuta) temminckgriltsje of Temmincks griltsje (Calidris temminckii) ûnderskaai hoantsen (Philomachus) breedbekgril (Calidris falcinellus; foarhinne Limicola falcinellus) hoants (Calidris pugnax) Sibearyske gril (Calidris acuminata) ûnderskaai leppelbekgrillen (Eurynorhynchus) leppelbekgril (Calidris pygmeus) ûnderskaai mientsen (Calidris) brâninggril (Calidris virgata; foarhinne Aphriza virgata) grutte mients (Calidris tenuirostris) mients (Calidris canutus) ûnderskaai reade grillen (Erolia) reade gril of reade wettertjirk (Calidris ferruginea) ûnderskaai sângrillen of moddersnippen (Crocethia) sângril of moddersnip (Calidris alba) ûnderskaai steltgrillen (Erolius) steltgril (Calidris himantopus; foarhinne Micropalama hmantopus)
Kategory:Fûgelskaai Kategory:Snipfûgel