Sheena Shaw, echte namme Samantha Ann McElwain (Minneapolis, 30 septimber 1985), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Angelsaksysk-Amerikaansk en Skotsk etnysk komôf. Neffens har offisjele opjefte is se 1.52 m, mei in gewicht fan 43 kg en kupmaat 30B.

Libben en karriêre Sheena Shaw waard yn 1985 berne yn Minneapolis, yn 'e steat Minnesota. Op har sântjinde jierdei, yn 2002, naam se tsjinst yn it Amerikaanske Leger, dêr't se oplaat waard ta Morse-koadespesjaliste. Nei't se tsien moanne letter ôfswaaid wie, sette se útein mei in karriêre as stripper, wêrby't se yn ferskate stripklubs wurke. Dêrnjonken posearre se ek wol foar neakenblêden; sa stie se yn novimber 2012 yn 'e Penthouse.

Yn 2011, doe't se 25 jier wie, makke Shaw har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn in stik as njoggentich pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, Jules Jordan Video, Pure Play Media, Devil's Film, Digital Sin, Elegant Angel, Zero Tolerance, New Sensations en Adam & Eve. Ek hat Shaw in protte foar pornosites as BangBros en Kink.com wurke. Yn 2014 waard se nominearre foar fiif ûnderskate AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld).

Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn2014AVN Awardnominearrebêste orale sekssêne Massive Facials 6nominearrebêste anale sekssêne (mei Manuel Ferrara)Evil Anal 17nominearrebêste triosekssêne f/f/m (mei Veronica Avluv en Manuel Ferrara)Rump Raiders 4nominearremeast seksy kont (publykspriis)n.f.t.nominearreartyste fan it jiern.f.t.

Keppelings om utens Offisjele webside fan Sheena Shaw Biografy en filmografy fan Sheena Shaw yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens en filmografy fan Sheena Shaw yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)

Kategory:Amerikaansk neakenmodel Kategory:Amerikaansk stripper Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur Kategory:Amerikaansk persoan fan Skotsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1985