Stepanakert (Armeensk: Ստեփանակերտ; Azerbeidzjaansk: Stepanakert) is de haadstêd fan de republyk Nagorno-Karabach, dy't de jure ta Azerbeidzjan rekkene wurdt, mar hjoed de dei de facto ûnôfhinklik is. Dêr wenje goed 50.000 minsken. By de lêste Sowjetfolkstelling fan 1989 waard in befolkingstal fan 56.700 registrearre. Yn de Oarloch yn Nagorno-Karabach waard de stêd swier skansearre troch bombardeminten en doe binne in soad minsken de stêd útflechte. De stêd is wilens foar it grutste part fannijs opboud. Stepanakert is it wichtichste kulturele en yndustriële sintrum yn Nagorno-Karabach.
Berne yn Stepanakert Fakhraddin Manafov, Azerbeidzjaansk akteur en skriuwer Robert Kotsjarjan (earste presidint fan de republyk Nagorno-Karabach en twadde presidint fan Armeenje) Vladimir Arzumanyan, Armeensk sjonger Serzj Sarkisian, hjoeddeiske presidint fan Armeenje
Susterstêden Montebello (Kalifornje, Feriene Steaten)
Keppelings om utens Armeniapedia Stepanakert Artikels en foto's fan de Britske fotosjoernalist Russell Pollard Kaart fan Stepanakert
Kategory:Plak yn Azerbeidzjan Kategory:Nagorno-Karabach