Albertus Johannes fan Gruisen (Kleinemeer, 1741 - Ljouwert, 25 jannewaris 1824) wie in Nederlânsk oargelbouwer.

Fan Gruisen makke 1776 in oargel foar in tsjerke yn syn berteplak. Yn 1777 neamt oargelist Jacob Wilhelm Lustig syn namme. Yn 1778 ferfear er foar in tal jierren nei Meppel en 1782 festige er him Ljouwert en kaam er yn tsjinst fan de ferneamde oargelbouwer Albertus Antoni Hinsz. As selsstannich oargelmakker boude er fral yn Fryslân tsjerkoargels. Hy wie boaske oan Catharina Willems. Syn soan Willem van Gruisen (1788-1843) gie 1824 fierder mei de firma A. van Gruisen & Zonen. De oargelmakkerij waard yn 1843 oernaam troch Willem Hardorff.

Oargels (in kar) Jier Plak TsjerkeOfbyldOantekenings1783HarnsSint-Michaeltsjerke1868 waard it orgel ferfongen troch in Adema-oargel1784ReduzumVincentiustsjerke100px1786SnitsDoperske tsjerkeOargel yn 1847 útwreide fan J.C. Scheurer1788BoalsertMartinustsjerkeIt oargel waard 1876 ferfongen en yn 1934 ferkocht oan de Mariatsjerke yn Helmond (Brouwhuis).1790It HearrenfeanHerfoarme tsjerke (sloopt)Oargel yn 1861 ferboud troch Van Dam. 1972 oerset yn Marturiatsjerke yn Assen. 2011 oerbrocht nei de tsjerke Real Oratorio del Caballero de Gracia yn Madridorgelsindrenthe.nl Marturiakerk Assen1794IeTsjerke fan IeOargel yn 1951 yn tsjerke yn Burgh (Schouwen-Duiveland) pleatst1795HichtumTsjerke fan Hichtum100px1798YsbrechtumTsjerke fan Ysbrechtum1799JorwertSint-Radboudtsjerke100px1802ReahûsSint-MartinustsjerkeOargel yn 1928 ôfbrutsen1803MarsumSint-Pontianustsjerke1805OosternielandNicolaastsjerke1808DokkumRoomsk-katolike skûltsjerke (Heechstrjitte)Yn 1923 oerset nei Grifformearde tsjerke yn Boerakker. Yn 2005 nei Wadenoijen.1811HallumGrutte of Sint-Maartentsjerke1811JellumHerfoarme tsjerkeoargel yn 1893 sloopt1811WâldseinSint-Michaeltsjerke100pxSet yn 18401819FriensTsjerke fan Friens100pxIngebruikneming te Friens 20011820GenemuidenGrutte TsjerkeYn 1882 troch brân ferlern gien1821DonkerbroekGrifformearde tsjerke

Sjoch ek List fan oargelbouwers

Kategory:Nederlânsk oargelbouwer Kategory:Frysk oargelbouwer Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1741 Kategory:Persoan stoarn yn 1824