Griffith Brewer (1867-1948)Penrose 1967, s.575 wie in Ingelsk loftfeartpionier, ballonfarder en fleander. Brewer makke syn earste ballonflecht yn 1891. Hy moete Wilbur Wright yn Pau yn Frankryk yn 1908 en wie de earste Ingelskman dy't as passazjier mei Wright fleach. Hy waard goefreon en stiper fan de Bruorren Wright en brocht harren 30 kear besite yn de Feriene Steaten. Hy helle syn fleanbrevet dêre yn 1914.

Brewer regele ek dat it Britsk regear yn 1914 foar £15.000 gebrûk meitsje mocht fan de patinten fan de bruorren Wrigh; dat betsjutte dat Britske fleantúchfabrikanten frij fan rjochtsferfolging waarden."Back to the Beginning" Flight 28 oktober 1948 s.507

Brewer wie foarsitter fan de Royal Aeronautical Society (RAeS) fan 1940 oant 1942.http://www.flightglobal.com/pdfarchive/view/1941/1941%20-%201596.html

Keppeling om utens "Comfort and Confidence on Liberators" Flight-artikel út 1941 fan Brewer oer syn transatlantyske flecht

Kategory:Ingelsk piloat Kategory:Ingelsk loftfeartpionier Kategory:Persoan berne yn 1867 Kategory:Persoan stoarn yn 1948