thumb|Alcock en Brown nei de lâning yn Ierlân John Alcock (Heaton Moor (Manchester), 5 novimber 1892 - Rouen (Frankryk), 18 desimber 1919) wie in Britsk piloat.

Tegearre mei Arthur Whitten-Brown makke er yn 1919 as earste in non-stop flecht oer de Atlantyske Oseaan yn in omboude Vickers Vimy bommesmiter. Sy fleagen fan St.-John's op Newfoundland nei Clifden yn Ierlân. De flecht duorre 16 oere en 12 minuten.

Keppeling om utens Loftfeartpioniers Alcock & Brown

Kategory:Ingelsk loftfeartpionier Kategory:Ingelsk piloat Kategory:Ingelsk ofsier Kategory:Britsk militêr yn de Earste Wrâldkriich Kategory:Persoan dy't omkommen is by in fleantúchûngemak Kategory:Persoan berne yn 1892 Kategory:Persoan stoarn yn 1919