De steppelemmings (wittenskiplike namme: Lagurini) foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae) en de ûnderfamylje fan 'e wrotmûzen (Arvicolinae), dêr't trije libbene soarten ta hearre, wêrûnder de steppelemming, dy't ek wol as húsdier holden wurdt. Dizze taksonomyske ôfdieling moat net betize wurde mei it bekendere skaai fan 'e steppelemmings (Lagurus).

Tûke-opbou

tûke steppelemmings (Lagurini) skaai steppelemmings of echte steppelemmings (Lagurus): 1 soarte skaai ûnechte steppelemmings (Eolagurus): 2 soarten

Kategory:Wrotmûseftige