De lemmings (wittenskiplike namme: Lemmini) foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae) en de ûnderfamylje fan 'e wrotmûzen (Arvicolinae), dêr't acht libbene soarten ta hearre, wêrûnder de berchlemming, de bekendst lemmingsoarte. Der binne ek lemmingsoarten dy't ta de tûken fan 'e steppelemmings (Lagurini) en de halsbânlemmings (Dicrostonychini) hearre.
Tûke-opbou
tûke lemmings (Lemmini) skaai bosklemmings (Myopus): 1 soarte skaai echte lemmings (Lemmus): 5 soarten skaai lemmingmûzen (Synaptomys): 2 soarten skaai Plioctomys †
Kategory:Wrotmûseftige