De Synoade van Assen (1926) fan de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân waard belein om in beslút te nimmen oer de saak fan J.G. Geelkerken, predikant yn Amsterdam. Oars as Geelkerken oardielde de synoade fan Assen dat eltse oare as de letterlike opfetting fan it Bibelske ferhaal fan de sûndefal (Genesis haadstik 3Genesis haadstik 3, Nije Bibelfertaling) yn striid wie mei de Nederlânske Geloofsbelidenis. In tal predikanten, ek Geelkerken, wegere de útspraak te ûndertekenjen en waard út it amt set. Sy foarmen in nije tsjerke en giene fierder as Grifformearde Tsjerken yn Hersteld Ferbân. Dy gong yn 1946 op yn de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke.
Keppeling om utens Memorie-boek, behoorende bij de acta der buitengewone generale synode van (...), 1926, betreffende de zaak Geelkerken
Kategory:Assen Kategory:Kristendom yn Nederlân Kategory:Barren yn 1926