Bochtonica (IPA [bɔxɔtˈnit͡sa]) is in stêd yn it súdeasten fan Poalen mei 1.001 ynwenners (2021), en in gebiet fan 20 km².

Bochotnica, earder ek wol Bochotnica Mała neamd (om it ûnderskie te meitsjen mei it tichtby lizzende Bochotnica-Kolonia of Bochotnica Wielka), is ien fan 'e âldste delsettings yn Lyts-Poalen. Yn 'e begjinjierren fan it Keninkryk Poalen wie it doarp in wichtige poarte oan 'e hannelsrûte fan 'e Kiëvske Rus nei Sintraal-Poalen. Hjoed-de-dei is it in lokaal toeristysk sintrum, tanksij de skildereftige trochbraak fan 'e Wisla troch de heuvels fan Lyts-Poalen en de it tichtebylizzende Lânskipspark Kazimierz. It doarp hat gjin eigen spoarstasjon; it meast oanbuorjende stasjon leit yn Puławy.

Kategory:Plak yn Poalen Kategory:Plak yn woiwodskip Lublin