De reade wrotmûzen (wittenskiplike namme: Clethrionomyini, foarh. Myodini) foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae) en de ûnderfamylje fan 'e wrotmûzen (Arvicolinae), dêr't û.o. de reade wrotmûs ta heart, dy't ek yn Fryslân foarkomt. Dizze taksonomyske ôfdieling moat net betize wurde mei it bekendere skaai fan 'e reade wrotmûzen (Myodes).

Tûke-opbou

tûke reade wrotmûzen (Clethrionomyini, foarh. Myodini) skaai berchwrotmûzen (Alticola): 12 soarten skaai Guildayomys † skaai Himalayawrotmûzen (Hyperacrius): 2 soarten skaai paterdavidswrotmûzen of pater Davids wrotmûzen (Eothenomys): 8 soarten skaai Pliolemmus † skaai Pliomys † skaai Pliophenacomys † skaai reade wrotmûzen (Clethrionomys, foarh. Myodes): 5 soarten skaai readgrize wrotmûzen (Craseomys), 7 soarten skaai Sineeske wrotmûzen (Caryomys): 2 soarten

Kategory:Wrotmûseftige